thumb|Selsportret John Tenniel.

John Tenniel (Londen, 28 febrewaris 1820 – dêre, 25 febrewaris 1914) wie in soan fan dûns- en skermlearaar fan Frânsk (hugenoaten) komaf. Hy studearre ûnder oaren oan de Royal Academy of Arts yn Londen, mar it fak fan yllustrator en polityk tekener hat er himsels fral oanleard.

Libben en wurk Doe't Tenniels noch mar 16 jier wie waarden syn skilderijen al tentoansteld. Syn grutte talint waard rillegau sjoen en hy krige ferskate earfolle opdrachten.

Tenniel publisearre in tal politike tekeningen yn it satiryske blêd Punch, dêr't er yn 1850 fêste tekener waard. Stadichoan naam er op him de wichtichste politike cartoons foar Punch te meitsjen.

Troch in ûngemak by it skermjen yn syn jonkheid, waard er fan 1860 ôf foar in grut part blyn oan ien each.Schoolnet.co.uk: John TennielLewiscarrollsociety.org.uk: Illustrators Hy hie in fotografysk ûnthâld, en kaam út en troch by syn 'slachtoffers' op 10 Downing Street en oare plakken oer de flier.

Yn 1874 waard er opnaam as lid yn de Royal Institute of Painters in Water Colours. Hy eksperimintearre mei ferskaat oan media, lykas mozayk fan Leonardo da Vinci yn it Victoria en Albert Museum, mar hy wie in master yn it houtfykjen; Lalla Rookh is faaks syn meast slagge wurk wat konseptuearring, sizzingskrêft en technyske finesse oanbelanget.

Njonken syn wurk foar Punch en oare blêden wurke John Tenniel as boekyllustrator. Hy mocht ek graach mei oaren oparbeidzje oan ferskate projekten, mar syn grutste ferneamdens hjoed de dei hat er yn it foarste plak te tankjen oan de earste yllustraasjes fan Alice's Adventures in Wonderland.

Tenniel (sûnt 1893 Sir John, op foardracht fan premier Gladstone) joech syn wurk foar Punch oer yn 1901. Hy ferstoar yn 1914.

Galery

Boeken mei syn yllustraasjes In kar: 1845 - Undine 1846 - Juvenile Verse and Picture Book 1848 - Aesop's Fables, 100 tekeningen 1858 - Grave, fan Robert Blair 1860 - The Gordian Knot, fan (Punch-redakteur) Shirley Brooks 1861 - The Silver Cord, fan Shirley Brooks 1861 - Lalla Rookh (1817), fan Thomas Moore, 69 tekeningen 1866 - Alice's Adventures in Wonderland, fan Lewis Carroll 1867 - The Mirage of Life 1870 - Through the Looking-Glass, fan Lewis Carroll

Keppeling om utens Wurk fan John Tenniel yn HeidICON

Kategory:Ingelsk yllustrator Kategory:Ingelsk cartoonist Kategory:Ingelsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1820 Kategory:Persoan stoarn yn 1914