Meinardus Meiners (Holwert, doopt op 4 april 1745 - Warkum, 27 april 1817) wie in Frysk predikant.

Meiners wie in fertsjintwurdiger fan de saneamde 'finen' en in ferdigener fan it folk dat Oranje oanhinge. Hy kaam út de rûnten fan de oefeners en wie ien fan de earste dolearjende predikanten. Hy stie as dûmny yn Drylts (1787-1798), yn Sleat (1798-1804) en Warkum (1804-1817) en soarge yn de Súdwesthoeke foar frijwat beroering.

Op 2 july 1784 boaske er oan Janke Annes Visser (1760-1813) yn Heech; sy krigen 7 bernStambeam Van Gorcum » Meinardus Meiners.

Ferskaat Der bestiet in skilderij fan de houliksplechtichheid, sjoch hjir

Kategory:Frysk predikant Kategory:persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan stoarn yn Warkum Kategory:Persoan berne yn 1745 Kategory:Persoan stoarn yn 1817