thumbnail|Kajto. Fan lofts nei rjochts: Ankie van der Meer, Marian Nesse en Marita Kruijswijk Kajto is in Fryske muzykgroep en bringt sûnt 1988 libbene folksmuzyk út yn it Esperanto. By optredens nûget de groep it publyk faak út om mei te sjongen.

Yn 2004 makke Kajto in omgong troch Dútslân nei oanlieding fan de takenning oan de groep fan de FAME Kultur-Premio yn Aalen (Baden-Württemberg), de wichtichste kulturele priis yn de Esperanto-wrâld. De priis draacht de namme fan de stifting mei deselde namme dy is ferneamd nei Franz Alois Meiners.

De groep sjongt ek yn it Frysk. Yn Fryslân is de groep bekend as Kat yn 't Seil.

Diskografy Lokomotivo, rulu nun! (2004)

Masko (1999) Para-fino Ardas havena vivo Masko El mizero La malnova balancilo Rezono Madloto-rezono Dormu milde Utila eraro La lasta kanto Tohuvabohuo (1993) Procesio Multkolora (1991) Flugdrako (1989) Dancanta ĉevalo Mi memoras Sen reveno Mi ne volas ellitiĝi La soldato kiu marŝas Iri vendi azenon Averto Soleco Forveturo Orangutango Ran-kvarteto Tosto Trista maristo Kvalifikoj nenecesaj Vosto Knabo kaj kajto

Boeken De groep hat ek twa boeken yn it Esperanto útbrocht: Kajto – kanonoj : tekst en muzieknoten fan 18 kanons (1995) Kajto – kantlibro: partituren, foto's en teksten út de earste trije CD's (1995)

Keppeling om utens Webstee fan Kajto

Kategory:Esperanto Kategory:Fryske folksmuzykband Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1988