Oradour-sur-Glane is in gemeente en plak yn it departemint Haute-Vienne yn de regio Limousin yn west-sintraal Frankryk. It is it plak fan de Moardpartij fan Oradour-sur-Glane.

Ut de skiednis It oarspronklike doarp oan de rivier de Glane waard yn de Twadde Wrâldkriich op 10 juny 1944 ferwoastge. Op dy dei waarden 642 ynwenners, ek froulju en bern, fermoarde troch de Dútske Waffen-SS 2e SS Pânserdifyzje "Das Reich". Nei de oarloch waard it doarp tichteby de ruïnes fannijs boud, mar yn opdracht fan de doetiidske presidint Charles de Gaulle waard it oarspronklike plak bewarre as permanint monumint. It Centre de la mémoire d'Oradour-museum stiet dêr ek.

Befolking Jier 1968 1975 1982 1990 1999 2006 2011 Ynwennertal 1.671 1.759 1.941 1.998 2.025 2.188 2.325 Jier 2020 Ynwennertal 2.478

Galery

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Haute-Vienne Kategory:Skiednis fan Frankryk