It Borndjip is in seegat tusken de Fryske waadeilannen It Amelân en Skylge. It ferbynt de Noardsee mei de Waadsee. It Borndjip lei oarspronklik yn it ferlingde fan de Middelsee, ek wolris Boarndjip neamd, dêr't it rivierke De Boarn yn útmûne.

Kategory:Wetter op It Amelân Kategory:Wetter op Skylge Kategory:Waadsee Kategory:Seestrjitte yn Nederlân Kategory:Seestrjitte fan de Atlantyske Oseaan