Braunau am Inn is in stêd en gemeente yn 'e Eastenrykske dielsteat Opper-Eastenryk, yn it distrikt mei deselde namme Braunau am Inn. Braunau is in grinsplak: de Inn is de grins mei Dútslân. It plak leit sa'n 60 km benoarden Salzburg, likernôch 110–120 km eastlik fan München en westlik fan Linz.
Stedsyndieling thumb|left|Kaart Braunau am Inn. De gemeente is yn 22 Stadtteile yn te dielen. Aching Au Blankenbach Braunau am Inn Braunau Neustadt Gasteig Haiden Haselbach Himmellindach Höft Laab Lach Lindach Maierhof Neue Heimat Oberrothenbuch Osternberg Ranshofen Roith Scheuhub Tal Unterrothenbuch
Skiednis Yn 1260 krige Braunau stedsrjochten. By in grutte stedsbrân waard it plak yn 1360 hast hielendal ferneatige. Yn 'e midsiuwen lei Braunau yn it Hartochdom Beieren-Landshut en sûnt de Landshutter Súksesjeoarloch (1505) yn oare dielen fan it Hartochdom Beieren. Nei de Beierske Súksesjeoarloch en de dêropfolgjende Frede fan Teschen kaam it yn 1779 by Eastenryk.
Yn 1806 waard yn Braunau in boekhanneler út Neurenberch, Johann Philipp Palm, troch Frânske soldaten út it leger fan Napoleon Bonaparte fusillearre. Hy hie in pamflet publisearre tsjin de ûnderdrukking fan Dútslân troch Napoleon en syn Beierske bûnsmaten. Oan Palm, dy't eare wurdt as in soarte martelder foar de parsefrijheid, binne yn Braunau ferskate tinktekens wijd.
Yn 'e Earste Wrâldoarloch wie by Braunau in berucht Eastenryksk kriichsfinzenekamp fêstige.
Hilters bertehûs thumb|left|Adolf Hitler syn bertehûs Braunau is foaral bekend om't it it berteplak is fan Adolf Hitler. In Braunauer feriening organisearret sûnt 1992 de "Braunauer dagen foar hjoeddeiske skiednis".
Yn 1989, doe't it hûndertste bertejier fan Hitler wie, waard in tinkstien foar Hitlers bertehûs pleatst mei in tekst dy't rjochte is tsjin yntolerânsje. De stien is ôfkomstich út de stiengroeve by it konsintraasjekamp Mauthausen.
Oant 2011 tsjinne it gebou as in ynstelling foar beheinde minsken. Dêrnei hat der lang in bytiden fûle diskusje west oer de fraach wat te dwaan mei it gebou. Guon woene it ôfbrekke sadat it gjin pylgerplak foar neonazy's wurde koe, oaren wiene benaud dat de sloop yn it bûtenlân útlein waard as woe Eastenryk it ferline net mear ûnder eagen sjen. Yn 2023 waard besletten om it gebou oan 'e plysje oer te dragen, dy't dêr trainingen krije op it mêd fan minskerjochten.NOS, Geboortehuis van Hitler wordt centrum voor mensenrechtentrainingen, 23 maaie 2023.
It besjen wurdich thumb|left|Stefanustsjerke fan Braunau. Yn 'e gemeente steane ferskate tsjerken mei yn guon gefallen in 18e-iuwske barok of rokoko-ynterieur. De toer fan 'e Sint-Stefanustsjerke fan Braunau is 87 m heech en ien fan 'e heechste tsjerketuorren yn 'e kontreien. Yn Braunau am Inn binne dielen fan 'e âlde stedsfersterkingen bewarre bleaun. Ek de stedspoarte Salzburger Tor is noch jimmeroan te sjen.
Kategory:Plak yn Opper-Eastenryk Kategory:Gemeente yn Opper-Eastenryk