thumb|Stephen Dillane Stephen J. Dillane (London, 27 maart 1957) is in Britsk akteur fan Australysk komôf. Hy waard yn 2008 nominearre foar in Emmy Award foar syn rol as Thomas Jefferson yn de Amerikaanske minyrige John Adams. Hy wûn in Tony Award yn 2000 foar it spyljen yn Tom Stoppard's toanielstik The Real Thing en in BAFTA TV Award yn 2009 foar syn haadrol yn de telefyzjefilm The Shooting of Thomas Hurndall.

Hy studearre yneartsten skiednis en polityk oan de Universiteit fan Exeter, mei spesjaal omtinken foar de Russyske Revolúsje, en waard dêrnei sjoernalist by de Croydon Advertiser. Dat foldie him lykwols net en doe't er 25 jier wie skreau er him yn by de Bristol Old Vic Theatre School.

Dillane debutearre yn 1987 op it wite doek as Mr. Dunlop yn de dramafilm Business as Usual. Sûnt spile er yn mear as 25 films, telefyzjefilms meirekkene yn goed 35.

Dillane hat twa soannen mei aktrise-regisseur Naomi Wirthner. Soan Frank is yn Harry Potter and the Half-Blood Prince te sjen as Tom Riddle doe't dy sechtjin wie.

Filmografy *Sûnder 10+ telefyzjefilms Business as Usual (1987) Hamlet (1990) La chance (1994, aka Power and Lovers) Two If by Sea (1996) Welcome to Sarajevo (1997) Firelight (1997) Déjà Vu (1997) Love and Rage (1998) The Darkest Light (1999) Ordinary Decent Criminal (2000) The Parole Officer (2001) Spy Game (2001) The Gathering (2002) The Truth About Charlie (2002)The Hours (2002) King Arthur (2004) Haven (2004) Nine Lives (2005) Goal! (2005) The Greatest Game Ever Played (2005) Klimt (2006) Goal II: Living the Dream (2007) Savage Grace (2007) Fugitive Pieces (2007) Freakdog (2008) Storm (2009) 44 Inch Chest (2009) Darkest Hour (2017)

Keppelings om utens Stephen Dillane yn de IMDb Stephen Dillane yn de Internet Broadway Database

Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1957