thumb|180px|Greve Mûsjin-Pûsjkin, 1794Skilder: Johann Baptist von Lampi Aleksej Ivanovitsj Mûsin-Pûsjkin (Russysk: Алексей Иванович Мусин-Пушкин) (Moskou, 27 july 1744 – Sint-Petersburg, 13 febrewaris 1817) wie in Russysk steatsman, histoarikus en keunstsamler. Fan 1791 oant 1797 wie er opperprokureur fan de Hilligste Regearjende Synoade. Yn 1797 krige er de titel fan greve.
Mûsin-Pûsjkin waard yn it foarste plak bekend as de ûntdekker fan in tal Aldrussyske teksten, benammentlik it 'Igorliet' (12e iuw), de 'Nestorkronyk' (tolfde iuw), de 'Laurentiuskroniken' (rinnend fan 898 oant 1294) en de âldste ferzjes fan de Zadonsjtsjina ('It gebiet foarby de Don-rivier', 14e iuw). Moesin-Poesjkin die syn wichtichste manuskripten op yn 1793 fia in gesant dy't him in bondel âlde hânskriften ferkocht. Syn hiele bibleteek, mei ûnder oaren it orzjinele manuskript fan it Igorliet, gie ferlern yn de brân fan Moskou (1812) ûnder de Russyske fjildtocht fan Napoleon.
Keppeling om utens Ynfo oer Mûsin-Pûsjkin
Kategory:Russyske adel Kategory:Russysk skiedkundige kategory:Russysk keunstsamler Kategory:Persoan berne yn 1744 Kategory:Persoan stoarn yn 1817