Sheerness is in stêd op it eilân Sheppey yn it Ingelske greefskip Kent. It is it grutste plak op it eilân.

Ut de skiednis Sheerness moast by de oanfal troch de Nederlânske marine yn juny 1667 belies jaan, doe't 72 skippen ûnder de Tocht nei Chatham it lytse fort dêre oermasteren. It beskaafde hâlden en dragen fan de besettingsmacht fernuvere de ynwenners fan Sheerness: de mariniers betellen gewoan foar harren mielen. By de betinking, 300 jier letter, waard de Nederlânske marine mei dêrom wer útnûge.

Sheerness hie in keninklike skipswerf. Sûnt 1860 leit it plak oan it spoar. Sheerness hat in wichtige haven, dêr't fral auto's en goed foar de swier yndustry oan- en ôffierd wurdt. De Olau Line ûnderhold oant 1994 in feartsjinst mei twa skippen tusken Sheerness en Flissingen.

Keppeling om utens

Kategory:Plak yn Kent