In holdeksel of kopdeksel is de oantsjutting foar lykfol hokker stik klean dat op 'e holle droegen wurdt. __NOTOC__ Doelen Holdeksels tsjinje in ferskaat oan doelen: beskerming tsjin kjeld; tsjin hjittens; tsjin sinnebrân; tsjin rein en oare foarmen fan delslach; tsjin fallende objekten (bgl. by bouprojekten); tsjin botsings; om jins hier kibich te hâlden; ta fersiering of foar de moade; foar sedigens of ta maatskiplike tradysjes; foar religieuze doelen; foar medyske doelen; as teken in funksje of as ûnderdiel fan in unifoarm.
Soarten holdeksels Oer it algemien kinne holdeksels yn sân kategoryen yndield wurde: fearretoaien: holdeksels makke fan fûgelfearren; helms: holdeksels fan in hurd materiaal, droegen ta beskerming; huodden: stevige holdeksels mei in râne rûnom; holdoeken: in doek dy't men om 'e holle hinne wuollet; kroanen: metalen holdeksels, faak mei in gat yn 'e midden, droegen troch monargen; mûtsen: sloppe holdeksels sûnder râne; petten: sloppe of stevige holdeksels mei in râne fan foarren. Soms wurde dêr noch twa kategoryen oan taheakke: maskers: bedekkende assessoires foar oer it gesicht (ta beskerming of as momkape); pruken: protetyske hierstikken foar op 'e plasse.
Galery
Kategory:Klean