Bell P-39 Airacobra 275px Rol Jachtfleantúch Makker Bell Aircraft Earste flecht 6 april 1938 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst Tal makke 9.588 (1940-maaie 1944) Brûkers United States Army Air Forces, Sowjet Loftmacht, Royal Air Force Priis it stik 50.666 dollar (yn 1944) FariantenBell XFL Airabonita, Bell P-63 Kingcobra De Bell P-39 Airacobra wie in wichtich Amerikaansk jachtfleantúch by it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch.

It wie it earste jachtfleantúch mei in noastsjil yn 't plak fan in sturttsjil wat it lânjen feiliger makke. De motor siet mids de romp, efter de cockpit. Dêrtroch ûntstie de yn de noas romte foar in mânsk 37 mm-kanon mei munysje, dy't troch de propelleras skeat, en wie der plak foar it ynlûkber noastsjil.

Nettsjinsteande dy nijichheden foelen de prestaasjes fan de Airacobra ôf, fral op gruttere hichten, meidat er op dat stuit gjin effisjinte turbolader foar hannen wie. De P-39 waard mei súkses ynset troch de loftmacht fan de Sowjet-Uny oan it Eastfront. Oare wichtige ôfnimmers fan de P-39 wiene de Frije Frânsken, en de Italianen nei de oerjefte yn 1943. De P-63 Kingcobra waard ûntwikkele út dit tastel en wie ornearre om it lek en brek fan de P-39 te ferhelpen.

Technyske feiten Bell P-39Q Airacobra Spesifikaasje Langte    9,20 m Fleugelspanwiidte    10,36 m Fleugeloerflak    19,79 m² Hichte    3,61 m Oandriuwing    ien12-sylinder-V-motor Allison V-1710-85 fan 1.200 hk Heechste faasje    621 km/o op 2.895 m Normaal fleanberik    1.080 km Bemanning    1 Tsjinstplafond    10.690 mBewapening    ien 37-mm-fluchfjoerkanon, fjouwer 12,7-mm MGs; ien 226 kg bom Totaalgewicht    3.810 kg

Keppeling om utens Webstee fan it National Museum of the USAF oer de P-39

Kategory:Amerikaanske jachtfleanmasine Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1938