In hoed (meartal: 'huodden') is in stevich holdeksel mei in râne rûnom (wêrmei't it him ûnderskiedt fan in pet of in mûtse). Hoewol't by guon soarten holdeksels de râne ûntbrekt, kinne se dochs ûnder de term 'hoed' beflapt wurde fanwegen de stevigens, dy't klassifikaasje as in mûtse útslút. Sawol manlju as froulju kinne huodden drage, al beslane frouljushuodden oer it algemien in grutter ferskaat oan foarm en kleur. Huodden wurde droegen om ferskillende redens: as beskerming tsjin waarsomstannichheden (yn 't bysûnder delslach en sinneskyn); as fersiering of utering fan moade; om seremoniële, religieuze of maatskiplik-tradisjonele redenen; as skaaimerk fan groepsidentiteit.
Soarten huodden Der besteane in grut tal ferskillende soarten huodden:
ammerhuodsje of bucket hat Australyske swaaier of slouch hat bolearo bolhoed borsalino bûnthoed cowboyhoed stetson ten-gallon hat draaide steek, draaide twakant, draaide twatút of draaide bikorne dûkhoed fedoara fez filthoed fjouwerdûkehoed of kampanjehoed flaphoed flodzehoed galearo of kardinaalshoed gûanmao haaiershoed hardeehoed hege hoed kachelspiip, tonne, tûne of Lincolnhoed klaphoed of gibus trouhoed Welske hoed homburch jagershoed kastoar kerboldershoed of garibaldikyps kûlyhoed, cooliehoed of Aziatyske kegelfoarmige hoed luifhoed matelot miter Montenegrynske hoed pamelahoed Panamahoed parapluhoed platte hoed pylgershoed Sindyske hoed sinnehoed skreefhoed sombrearo steek, twakant, twatút of bikorne striedop striehoed súdwester swaaier Tiroalerhoed of Tiroalerhuodsje tok (dameshoed) tok (manljushoed) toppershoed of matroazehuodsje trijekant, trijetút of trikorne trilby tsienkop tudorbaret túthoed, tutehoed of tute
Kategory:Holdeksel