thumb|left|Kastiel Ald-Wassenaar (boud 1876-1879) thumb|Neogoatyske Sint-Willibrordustsjerke yn Wassenaar
Wassenaar is in plak en gemeente (besteand sûnt de Frânske Tiid) yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. De gemeente Wassenaar is diel fan it kaderwetgebiet Haachlannen en de metropoalregio Rotterdam-De Haach.
Wassenaar bestiet út in doarpskearn en hat boskige omkriten mei in protte filla's en grutte huzen. In protte dêrfan binne fanâlds bûtenpleatsen, simmerferbliuwen foar begoedige stedslju. Njonken begoedige bewenners húsmanje der bedriuwen en konsulaten. Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima hawwe der in hûs op bûtenpleats Eikenhorst. Duinrell wurdt brûkt as pretpark. Ek draafbaan Duindigt, de ienich oerbleaune gers-hurdraversbaan yn Nederlân, leit yn Wassenaar.
Yn it sintrum fan Wassenaar stiet de âlde romaanske doarpstsjerke dy't foar in part út de 12e iuw stammet, en dy't yn de 16e iuw foar in part fannijs boud wurde moast nei fernielings yn it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch. Yn dizze tsjerke waard prinsesse Alexia doopt. Neist in lyts tal âlde doarpshuzen stiet dêr ek de achttjinde-iuwske wynmûne Windlust.
Wassenaar grinzget oan it doarp Foarskoat dêr't it fanâlds in mienskiplike skiednis mei hat.
Oan de Wassenaarske Slach lizze yn it natuergebiet noch in protte oerbliuwsels fan de Atlantikwall, ûnder oaren in hûnderten meters lange betonnen muorre. Der lizze ek hast 1000 meter oan ûndergrûnske mitsele gongen dy't fiif bunkers meielkoar ferbine. Dy gongen binne hjoeddedei yn gebrûk as flearmûsbunker.
Underwiis Leger ûnderwiis: Bloemcampskoalle Den Deylskoalle Herenwegsskoalle Kievietskoalle Montessorisskoalle Wassenaar Nutsskoalle St. Bonifaciusskoalle St. Jan Baptistskoalle St. Joazefskoalle
Fuortset ûnderwiis: Rijnlands Lyseum Wassenaar Adelbert Kolleezje American School of The Hague
Berne yn Wassenaar Thom Hoffman (1957), akteur en fotograaf Adriaan Jaeggi (1963-2008), kollumnist, dichter, essayist en skriuwer Rob Kamphues (1960), kabaretier, telefyzjeperesintator Kees Momma (1965), skriuwer Wouter Stips (1944), keunstner, programmamakker, teätermakker, skriuwer en regisseur Jaap Zijlstra, dûmny en dichter
Kategory:Plak yn Wassenaar Kategory:Gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811