Vengaboys (útspr.: "bengaboys") is in Nederlânske dancegroep dy't oan 'e ein fan 'e jierren njoggentich grutte hits skoarde mei û.m. Boom, Boom, Boom, Boom!! en We're Going to Ibiza. Yn 2004 waard de groep opdoekt, mar fanôf 2006 treden se wer op, en yn 2010 makken se sels in lytse comeback. It 'gesicht' fan Vengaboys is sjongster Kim Sasabone. De muzyk fan 'e band kin ûnderbrocht wurde by de sjenres dance, eurodance en/of eurohouse. Vengaboys stiet bekend om dûbelsinnige (of ûndûbelsinnige) ferwizings nei geslachtsferkear yn harren lietteksten en titels, lykas Up and Down, Boom, Boom, Boom, Boom!! en Rocket to Uranus.

Skiednis De earste single fan 'e Vengaboys hiet fan Parada de Tettas en waard yn 'e simmer fan 1997 útbrocht. It ferhaal waard yn omgong brocht dat twa live-discjockeys, DJ Delmundo en Danski, mei in âlde skoalbus de Spaanske baaiplakken ûnfeilich meitsje soene. Underweis hiene se fjouwer sjongers en dûnsers oppikt, dy't elts út in oar wrâlddiel ôfkomstich wiene. Under de yllegale optredens soe boppedat geregeldwei gaos ûntstean om't der jild yn it publyk smiten waard, en de plysje soe de groep efter de hakken sitte om't de mastertapes stellen wiene. Dat bliek neitiid allegear ûnsin dy't optocht wie om publisiteit te krijen.

Pas in pear singles letter waard dúdlik dat efter DJ Delmundo en Danski de Nederlânske dj's Wessel van Diepen en Dennis van den Driesschen beskûlgiene. Ek de sjongers/dûnsers blieken gewoan Nederlanners te wêzen. Alle fjouwer hiene dy in fêst kostúm. De orizjinele besetting bestie út Kim Sasabone (Armygirl), Denise van Rijswijk (Doll), Robin Pors (Sailorboy) en Roy den Burger (Cowboy). De besetting fan Doll, Sailorboy en Cowboy ûndergie meitiid ferskate feroarings, mar de rol fan Armygirl is nea ferfolle troch immen oars as Sasabone.

Parada de Tettas en de twadde single To Brazil waarden beskieden hits. De trochbraak kaam mei Up & Down, dat yn it foarjier fan 1998 de top 10 helle. Itselde barde dat jiers mei de nûmers We Like to Party! en Boom, Boom, Boom, Boom!!, dy't ek ynternasjonaal trochbrieken. Yn 1999 folge in trêde grutte ynternasjonale hit mei We're Going to Ibiza. Nei't yn 1999 noch Kiss (When the Sun Don't Shine) en yn 2000 Shalala Lala en Uncle John from Jamaica beskieden hits waarden, gie it stadichoan berchôf mei Vengaboys. Wol wûnen se yn 2001 noch de World Music Award foar bêstferkeapjende dance-groep fan it jier. Uteinlik waard yn 2004 besletten om 'e groep op te doeken.

Lykwols begûnen oardel jier letter de oanfragen foar nije optredens binnen te streamen. Yn Ingelân kamen feesten mei jierren 90-muzyk yn 'e moade, en dêrwei wreide dy raazje him út oer it kontinint. De Vengaboys, dy't ûnderwilens allegear in nije karriêre begûn wiene, fûnen dat se sok goed jild net lizze litte koene. Dat se besleaten om it der gewoan 'by' te dwaan, ien- of twaris yn 'e moanne. Dat waard lykwols al gau 80 kear yn 't jier. Noch altyd giet it mei Vengaboys as it spoar. Yn 2010 makken se sels in lytse comeback mei in 21e plak yn 'e hitlisten mei it nûmer Rocket to Uranus.

Besetting Hjoeddeiske besetting Kim Sasabone (Armygirl): 1997-2004, 2006-no Denise van Rijswijk (Doll): 1997-2002, 2006-no Robin Pors (Sailorboy): 1997-1999, 2009-no Donny Latupeirissa (Cowboy): 2006-2011, 2012-no

Eardere besetting Roy den Burger (Cowboy): 1997-2004 Yorick Bakker (Sailorboy): 1999-2002, 2006-2009 Mark Jong-A-Pin (Sailorboy): 2002-2004 Lynn Allien (Doll): 2002-2004 J.J. van Zon (Cowboy): 2012

Diskografy Albums Jier Titel Resultaat1998Up & Down – The Party Album! Nederlân: goudGreatest Hits, Part 1 (alternative namme: The Party Album) Nij-Seelân: 5x platina Kanada: 3x platina Austraalje: 2x platina Grut-Brittanje: 2x platina Nederlân: 2x platina Feriene Steaten: goud    Switserlân: goud 2000The Platinum Album

Singles jier titel heechste posysje yn 'e Ned. hitlisten resultaat1997Parada de Tettas14To Brazil221998Up and Down5 Grut-Brittanje: goudWe Like to Party!2 Austraalje: platina Grut-Brittanje: goud Nederlân: goudBoom, Boom, Boom, Boom!!1 (4 wiken) Nederlân: 2x platina Austraalje: platina Dútslân: goud Grut-Brittanje: goud1999We're Going to Ibiza1 (3 wiken) Nederlân: platina Austraalje: goud Grut-Brittanje: goudKiss (When the Sun Don't Shine2 Grut-Brittanje: sulver 2000Shalala Lala2 Dútslân: platina Austraalje: goud    Switserlân: goud Grut-Brittanje: sulver Uncle John from Jamaica7Cheekah Bow Bow (That Computer Song) (mei Cheekah)32Forever as One772010Rocket to Uranus212013Hot, Hot, Hot2920142 Brazil52

Keppelings om utens Offisjele webside fan Vengaboys

Kategory:Nederlânske danceband Kategory:Band oprjochte yn 1997 Kategory:Band opheft yn 2004 Kategory:Band oprjochte yn 2006