Sierra Banxxx, echte namme ûnbekend (1 novimber 1989), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hja hat ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Tyra Boom.

Libben en karriêre Banxxx komt út 'e steat Michigan, en makke yn 2011 har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile hja neitiid yn in tolvetal films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, West Coast Productions, Jules Jordan Video en Elegant Angel. Ek hat se in protte yn 't spier west foar ferskate pornosites op it ynternet, lykas Reality Kings. Njonken har aktearwurk wie Banxxx ek aktyf as neakenmodel. Yn 2013 loek hja har werom út 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Lichemsskaaimerken Neffens har offisjele opjefte is Sierra Banxxx 1.62 m lang, mei in gewicht fan 58 kg en in natuerlik kupmaat 34A. Har hûdskleur is dûnkerbrún en har hierkleur swart. Hja hat in tatoeaazje fan in flinter en in blom op har lofterskouder, in tekst yn it Latynske skrift op har rjochterside, in bôge op har lofterheup en in krús op har rjochterhân. Ek hat Banxxx in piercing troch har nâle.

Filmografy Jier Film Distributeur Studio 2011 Pumper's New Jump Offs 2 Freaky Empire B. Pumper Productions 2012 Ass Factor 2 Jules Jordan Video The Ass Factory Black Anal Addiction Evil Angel Mike Adriano Media Black Anal Love 2 West Coast Productions West Coast Productions Black Ass Anal Drilling West Coast Productions West Coast Productions Cum In Me Baby 3 West Coast Productions West Coast Productions Naughty Black Housewives 3 Elegant Angel Elegant Angel Phattys Rhymes and Dimes 17 Freaky Empire B. Pumper Productions Porn's Top Black Models 3 Elegant Angel Elegant Angel Screw My Ass White Boy West Coast Productions West Coast Productions Showgirlz 2 West Coast Productions West Coast Productions 2013 Exotic Coeds 3 Exile Distribution AMK Empire

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Sierra Banxxx yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Sierra Banxxx yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Sierra Banxxx op FreeOnes

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1989