La Espero ("De Hope') is it 'folksliet' fan it Esperanto. De tekst is skreaun troch Lejzer Zamenhof (1859-1917), de oarspronklike betinker fan de taal Esperanto. It wurdt no gewoanlik songen op muzyk komponearre troch Félicien Menu de Ménil.

La Espero

Tekst La Espero (yn it Esperanto) En la mondon venis nova sento,    tra la mondo iras forta voko; per flugiloj de facila vento    nun de loko flugu ĝi al loko. Ne al glavo sangon soifanta    ĝi la homan tiras familion: al la mond' eterne militanta    ĝi promesas sanktan harmonion.

Sub la sankta signo de l' espero    kolektiĝas pacaj batalantoj, kaj rapide kreskas la afero    per laboro de la esperantoj. Forte staras muroj de miljaroj    inter la popoloj dividitaj; sed dissaltos la obstinaj baroj,    per la sankta amo disbatitaj.

Sur neŭtrala lingva fundamento,    komprenante unu la alian, la popoloj faros en konsento    unu grandan rondon familian. Nia diligenta kolegaro    en laboro paca ne laciĝos, ĝis la bela sonĝo de l' homaro    por eterna ben' efektiviĝos. De Hope (oerset yn it Frysk)De oersetting is makke fan dizze ferzje fan de Nederlânsktalige Wikipedia Yn de wrâld is in nij gefoel komd,    troch de wrâld giet in sterke rop; op wjukken fan in licht koeltsje    mei hy no fan plak nei plak fleane. Net nei it moardsuchtige swurd    lûkt hy nei de famylje fan de minsken: oan de ivich oarlochfierende wrâld    belooft hy hillige harmonij.

Under it hillige teken fan de hope    sammelje har striders foar de frede, en de saak groeit hurd    troch it wurk fan dejingen dy 't hope hawwe. Stevich steane der muorren sûnt millennia    tusken de ferdielde folken; mar de stege barriêres sille útinoar springe,    troch de hillige leafde útinoar slein.

Op it fûnemint fan in neutrale taal,    elkoar begripend, sille de folken ienriedich foarmje    ien grut famyljefermidden. Us warbere kollega's    sille it fredeswurk net sêd wurde, oant de moaie dream fan de minskheid    fan ivige seine realisearre wurde sil.

Kategory:Esperanto Kategory:Folksliet Kategory:Esperantotalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1891