In borough (útspr. ['bɔɹə], "borre", of ['bɔɹo:], "borroo") is in foarm fan bestjoerlike yndieling yn 'e Feriene Steaten. Dit begryp hat yn ferskillende Amerikaanske steaten ferskillende betsjuttings. Alaska: in distriktsnamme dy't ekwifalint is oan countys yn oare Amerikaanske steaten. Firginia: de geografyske ûnderferdielings fan in út ferskate earder selsstannige gemeenten gearstalde 'konsolidearre' stêd, dy't lykwols gjin eigen bestjoer mear hawwe. Konnetikut: in diel fan in town dat los fan 'e rest fan dy town stedsrjochten hat; sokke boroughs binne net selsbestjoerend, mar falle ûnder it gemeentebestjoer fan 'e oangeande town. Minnesota: in alternative beneaming foar "gemeente", dy't tusken 1868 en 1974 yn gebrûk wie foar ien inkele gemeente, ntl. Belle Plaine. New York: in dielgemeente fan 'e stêd New York, wêrfan't der fiif binne: Brooklyn, Manhattan, Queens, The Bronx en Staten Island. Nij-Jersey: in soarte fan selsbestjoerende gemeente, mei ôfwikende skaaimerken fan 'e oare fjouwer soarten gemeenten yn 'e steat (stêd, town, township en doarp). Pennsylvania: selsbestjoerende gemeenten dy't lytser binne as in stêd; ekwifalint mei towns yn oare Amerikaanske steaten.
Sjoch ek borough
Kategory:Bestjoerlike yndieling Kategory:Geografy fan de Feriene Steaten Kategory:Lienwurd út it Ingelsk