Kumasi (Ingelsk: Kumasi; eartiids ek: Coomassie en Kumase) is de op ien nei grutste stêd fan Gana. It ynwennertal giet de lêste jierren bot omheech. Kumasi is ek de haadstêd fan de regio Asjanty en leit sa'n 250 kilometer fan Akkra, de haadstêd fan it lân. Kumasi hat eartiids de haadstêd fan it keninkryk Asjanty west.

Kumasi is in wichtich sintrum foar de pleatslike kakaotylt en de kap en it ferwurkjen fan hurdhout út de omkriten. Yn de regio wurdt goud wûn en de stêd hat ien universiteit, de Kwame Nkrumah University of Science and Technology of Ghana. Troch de goudminen is de stêd ien fan de woltierichste stêden yn Gana.

Stêdebân Almere

Berne yn Kumasi Aquasie Boachi (1827 - 1904), earste swarte mynyngenieur Kofi Annan (1938), FN-diplomaat

Keppeling om utens Invest in Kumasi Nijs Kumasi MyGardenCity Interactive Community Platform for Ashanti Region MSN Kaart

Kategory:Plak yn Gana Kategory:Plak stifte yn 1680