Sir Harrison Birtwistle (Accrington, Lancashire, 15 july 1934 – Mere, 18 april 2022) wie in Ingelsk komponist fan eigentiidske klassike muzyk.

Ta syn komposysjes hearre syn bekendere wurken The Triumph of Time (1972) en de opera's The Mask of Orpheus (1986), Gawain (1991) en The Minotaur (2008). De lêste dêrfan waard troch muzykkritisy fan The Guardian yn 2019 oardere as it op twa nei bêste stik fan de 21e iuw. Sels syn komposysjes dy't net foar it toaniel skreaun wiene, lieten faak in teatrale oanpak sjen. In útfiering fan syn saksofoankonsert Panic yn de BBC's Last Night of the Proms soarge foar " nasjonale bekendheid ". Hy krige in soad ynternasjonale ûnderskiedingen en earedoktoraten.

Birtwistle syn komponearstyl is frijwat kompleks en nijmoadrich. Syn iere wurken binne beynfloede troch Igor Strawinsky en Olivier Messiaen.

Komposysjes (in kar) Orkestwurken The Triumph of Time (1971) Earth Dances (1986)

Opera Punch and Judy (1967) The Mask of Orpheus (1984, 1987 kroand mei de Grawemeyer Award) Gawain (1990) Die zweite Mrs. Kong''' (1994) The Last Supper (2000)

Oar wurk Refrains and Choruses (Blaasquintett, 1957) Harrison's Clocks (Stik foar piano, 1998)

Literatuer Adlington, R., The Music of Harrison Birtwistle (CUP, 2000) Cross, J., Harrison Birtwistle: Man, Mind, Music (Faber & Faber, 2000) Hall, M., Harrison Birtwistle (Robson Books, 1984) Hall, M., Harrison Birtwistle in Recent Years'' (Robson Books, 1998)

Keppelings om utens Grawemeyer award Birtwistle op composition today

Kategory:Ingelsk komponist Kategory:Persoan berne yn 1934 Kategory:Persoan stoarn yn 2022