Benny Lindelauf (Sittard, 15 desimber 1964) is in berneboekeskriuwer. Hy wennet yn Rotterdam.
Lindelauf studearre ynrjochtingswurk oan de Mikojelakademy en dûns oan de Teäterskoalle yn Amsterdam. Nei syn ôfstudearjen die er mei oan ferskaat fan (jeugd-)teäterproduksjes, sawol as akteur as dûnser.Bibliotheek Leesplein - Benny Lindelauf
Yn 1998 ferskynde syn earste boek Omhoogvaldag en dêrnei noch ferskillende oare boeken. Njonken berneboeken skriuwt Lindelauf ek teksten foar jeugdteäterselskippen.
De histoaryske roman Negen Open Armen is oerset yn seis talen, ûnder oaren yn it Tsjechysk en Koreaansk. Ek oare boeken fan him binne yn fertaling ferskynd. Letterenfonds - Benny Lindelauf
Wurk 1998: Omhoogvaldag, G.B. van Goor & Zonen Uitgeversmaatschappij 1999: Schuilen in een jas, Van Goor 2003: Opblijven, Wolters-Noordhoff 2003: Het groei-orkest, Wolters-Noordhoff 2003: De nacht-speeltuin, Wolters-Noordhoff 2004: Negen Open Armen, Querido; winner Thea Beckmanpriis 2004 en Gouden Zoen 2005 2007: Door en Door Winter, Querido 2007: De Meester van de Schaduw, De Eenhoorn 2007: De Vloek van het Verdwenen Boek, ZwijsenBibliotheek Boutersem 2008: Piraten van Nix, Zwijsen 2010: De Hemel van Heivisj, Querido, vervolg op Negen Open Armen; winner Woutertje Pieterse Priis 2011, Dioraphte Jongerenliteratuer Priis en Nynke fan Hichtumpriis 2011: Superhelp, Querido 2016: Hoe Tortot zijn Vissenhart Verloor, mei yllustraasjes fan Ludwig Volbeda, Querido
Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1964