Heabeltsje Heeringa-Seepma (Ternaard, 29 juny 1919 - Feanwâlden, 6 febrewaris 2022), wie in Frysk berneboek- en romanskriuwster.

Heabeltsje Seepma waard berne en grutbrocht op in pleats yn Ternaard. As bern mocht se graach lêze en opstellen skriuwe koe se goed. Nei har trouwen sette se har nei wenjen yn Eastrum. Se fertelde ferhalen oan har bern en skreau gedichtsjes en gelegenheidswurk. Se folge in skriftlike kursus ferhalen skriuwen en gie op Fryske les. Dat stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad. Se debutearre mei it berneboek Sa’n koartkop (1960, KFFB). Se die mei oan de jierlikse priisfraach fan de KFFB en wûn ferskate prizen. Skriuwe soe in fêst ûnderdiel fan har libben wurde. Nei de boeken foar jongere bern skreau se in boek dat bedoeld wie foar opgroeiende fammen, Martsje lit it net sitte (1965) en sa ûntstie de Martsje-rige. Njonken de ‘Martsje’- boeken skreau frou Heeringa-Seepma romans, in ferhalebondel ûnder de titel It griene huodsje (1988), in bondel ferhalen foar de jongerein, noch in pear berneboeken, krystferhalen en in pear fersebondels. Alles meiïnoar brocht se sa'n tritich titels op har namme.

It grutste part fan har boeken kaam út by de KFFB.

Wurk Berneboeken 1960: Sa’n koartkop 1961: It reade kraeltsje 1964: Rikke de kikkert 1971: Fuort mei de geit (2e printinge 1983) 1972: Meindert wurdt man 1975: It aventûr fan swartsturtsje 1977: In nuvere fakânsje 1978: Hwêr is Harke? 1980: It apelwyfke 1989: It hinkelbist 1992: Sibe wol syn mem net kwyt

Romans 1965: Martsje lit it net sitte (2e printinge 1970, 3e 1990) 1968: Martsje koe it net witte 1969: Martsje : it libben yn ’e mjitte 1972: Meindert wurdt man 1974: Ik en myn memmen 1976: Hwerom? Hwerta! 1979: Martsje (trilogy) 1981: Fernanda wurdt plysje 1984: Hylkje 1987: In ferskoppeling 1988: Wêrhinne Hylkje? 1991: Yn foar en tsjin 1995: De dochter fan Martsje

Ferskaat 1975: Monuminten yn Eastdongeradiel 1982: By ús yn Eastrum : doarpsskiednis yn fûgelflecht 1985: Monuminten út ’e oarloch 1987: It griene huodsje (ferhalen)

Prizen 1982: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal De groetnis fan Beitske 1992: 1e priis priisfraach KFFB foar Sibe wol syn mem net kwyt Ferskate prizen yn in KFFB-priisfraach

Keppeling om utens Heeringa-Seepma yn de DBNL

Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ternaard Kategory:Persoan berne yn 1919