Ramsay MacDonald (folút: James Ramsay MacDonald; Lossiemouth (Skotlân), 12 oktober 1866 – ûnderweis op 'e Atlantyske Oseaan, 9 novimber 1937) wie in Britsk politikus fan Skotsk komôf. Hy wurdt yn 'e mande mei Keir Hardie en Arthur Henderson beskôge as ien fan 'e oprjochters fan 'e Britske Labourpartij, hoewol't dy partij him lange tiid as in ferrieder beskôge hat fanwegen syn gearwurking mei de Konservativen ûnder de Grutte Depresje. MacDonald waard yn 1906 lid fan it Britske Legerhûs en soe dêr oant syn dea yn 1937 lid fan bliuwe, útsein de perioade fan fjouwer jier tusken 1918 en 1922. Yn 1924 waard er de alderearste sosjalistyske premier fan it Feriene Keninkryk, en hy late trije ûnderskate regearings, wêrûnder in regear fan nasjonale ienheid fan 1931 oant 1935. Yn 'e Nederlânske kontekst kin Ramsay MacDonald as de Britske wjergader fan Piter Jelles Troelstra beskôge wurde.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding MacDonald waard yn 1866 berne yn Lossiemouth, yn it noarden fan Skotlân, as de oerwûne soan fan 'e boere-arbeider John MacDonald en de faam Anne Ramsay. Hoewol't syn namme by syn berte fêstlein waard as James McDonald Ramsay, dus mei de efternamme fan syn mem en syn heite efternamme as (misstavere) middelnamme, stied er yn syn jonkheid gewoan bekend as Jamie MacDonald. Dat er bûten it houlik berne wie, koe doedestiden in slimme negative ynfloed op jins hiele libben hawwe, mar it wie minder beswierlik yn 'e boeremienskippen fan noardeastlik Skotlân, dêr't neffens in oerheidsrapport út 1868 doe 15% fan alle bern oerwûn wie.
Fan 1872 oant 1875 gie MacDonald nei de kristlike legere skoalle yn Lossiemouth, en dêrnei learde er troch oan 'e parochyskoalle yn Drainie. Yn 1881, doe't er fyftjin jier wie, gied er fan skoalle om op in pleats yn 'e omkriten as arbeider te wurkjen. Lykwols waard er yn desimber fan datselde jier oansteld as learling-ûnderwizer oan 'e skoalle te Drainie, dêr't er oant 1885 yn 'e tsjinst bleau. Oanslutend ferfear er nei it Ingelske Bristol, dêr't er assistint waard fan 'e predikant Mordaunt Crofton. Yn Bristol waard MacDonald lid fan 'e radikale Demokratyske Federaasje, dy't syn namme in pear moanne letter feroare yn Sosjaal-Demokratyske Federaasje (SDF). Letter joech er him ek by it Sosjalistysk Genoatskip fan Bristol.
Karriêre foarôfgeande oan 'e polityk Yn 1886 sette MacDonald him yn 'e Britske haadstêd Londen nei wenjen, om't in freon him skreaun hie dat dêr wurk foar sa'nent as him te finen wie. Hoewol't dat ôffoel en hy in hoart fan syn sparjild libje moast, fûn er úteinlik wurk as klerk yn in pakhús yn 'e binnenstêd. Underwilens hied er him by de Sosjalistyske Uny jûn, dy't oars as de SDF krewearre om 'e sosjalistyske ideälen fia de parlemintêre demokrasy yn 'e praktyk te bringen. MacDonald wie yn Londen tsjûge fan 'e saneamde Bloedige Snein fan 1887, wêrby't in demonstraasje fan arbeiders op Trafalgar Square troch de plysje en it leger yn opdracht fan it Konservative regear mei grou geweld útinoar slein waard. As reäksje publisearre er it pamflet Remember Trafalgar Square: Tory Terrorism in 1887.
Om utens behold MacDonald ek in libbene belangstelling foar de polityk fan syn heitelân Skotlân. Doe't ûnder Gladstone de earste autonomywet foar Ierlân oannommen waard, late dat yn Edinburch ta de oprjochting fan in feriening dy't stribbe nei Skotske autonomy. Yn 1888 waard op inisjatyf fan MacDonald fan dy feriening in Londenske ôfdieling oprjochte, en al blette dy organisaasje úteinlik geandewei de 1890-er jierren dea fanwegen in brekme oan ynteresse fan Skotten om utens, dochs hold MacDonald oan mei it stypjen fan autonomy foar Skotlân. Yn 1921 skreau er yn syn pamflet Socialism: Critical and Constructive: "De feringelsking fan Skotlân giet ûnophâldlik troch, ta skea fan Skotlâns ûnderwiis, muzyk, literatuer, yntelliginsje en de generaasje dy't no ûntwoartele fan it ferline opgroeit."
Yn 'e 1880-er jierren folge MacDonald jûnsûnderwiis yn plantkunde, lânboukunde, natuerkunde en wiskunde oan it Birkbeck Literêr en Wittenskiplik Ynstitút, mar in wike foar de eksamens dêre stoarte er lichaamlik yn troch útputting. Yn 1888 fûn er wurk as priveesiktaris fan Thomas Lough, in teekeapman mei radikale politike tinkbylden, dy't yn 1892 foar de Liberale Partij yn it Britske Legerhûs keazen waard. Dêrmei giene ynienen withoefolle doarren foar MacDonald iepen.
Politike karriêre Aktivisme Yn 1886 wie troch it fakbûn TUC de saneamde Arbeiderskiesferiening (LEA) oprjochte, dy't in ûnbefredigjende politike alliânsje mei de Liberale Partij oangien wie. MacDonald stipe by de ferkiezings fan 1892 de LEA-kandidaat yn Dover, en hoewol't dy mei in romme marzje ferslein waard, makke MacDonald grutte yndruk as sprekker. Yn 1893 rjochte Keir Hardie de Unôfhinklike Arbeiderspartij (ILP) op, en MacDonald waard dêr lid fan.
Yn 1895 died er foar it earst as kandidaat mei oan 'e ferkiezings, wêrby't er him ferkiesber stelde foar in sit dy't in kiesdistrikt yn Southampton fertsjintwurdige. Hoewol't er de ferkiezings felear, makke er op 'e nij yndruk, en yn 1900 wied fannijs kandidaat, no foar in kiesdistrikt yn Leicester, wêrby't er wer ferlear. Datselde jiers waard er siktaris fan it Arbeidersfertsjintwurdigingskomitee (LRC), de direkte foarrinner fan 'e Labourpartij, wylst er dêrnjonken ek syn lidmaatskip fan 'e linksere ILP behold. As partijsiktaris kaam MacDonald ta in oerienkomst mei Herbert Gladstone, de soan fan 'e eardere premier en in lieder fan 'e Britske liberalen, dat de Liberale Partij yn beskate kiesdistrikten wêrfan't de ynwenners ta de arbeidersklasse hearden, gjin eigen kandidaat yn it fjild bringe soe. Op dy manear krigen de sosjalisten dêre alle anty-konservative stimmen, wat late ta in trochbraak wêrby't foar it earst sosjalisten yn it Britske Legerhûs kamen.
Underwilens wie MacDonald yn 1896 troud mei Margaret Ethel Gladstone (gjin famylje fan 'e liberale foaroanmannen), dy't dan wol net ryk, mar grif frij begoedige wie. Har jild stelde him by steat om yn it bûtenlân te reizgjen en dêrmei syn hoarizon te ferbreedzjen. Sa besochten MacDonald en de frou yn 1897 Kanada en de Feriene Steaten, yn 1902 Súd-Afrika en yn 1906 Austraalje en Nij-Seelân. Yn dyselde snuorje begûn MacDonald in lange freonskip mei de amtneresse en maatskiplik herfoarmster Clara Collet, dy't in tige grutte ynfloed hie op MacDonald syn byld fan en polityk oangeande froulju.
Yn 1901 waard MacDonald foar in gearwurkingsferbân tusken sosjalisten en progressiven yn 'e County Council ("greefskipsried") fan Londen keazen, mar yn 1904 waard er behindere om him te registrearjen foar de ferkiezings fan it jiers dêrop om't er yn 'e ôfrinnende termyn tefolle ôfwêzich (om utens) west hie. It LRC feroare yn 1906 syn namme yn 'e Labourpartij ("Arbeiderspartij") en absorbearre mei-iens ek de ILP, hoewol't der nea in formele fúzje plakfûn. Datselde jiers waard MacDonald as ien fan 29 Labourleden yn it Legerhûs keazen. Dêr ûntjoech er him ta lieder fan 'e lofterfleugel fan 'e partij, mei te sizzen dat Labour no de alliânsje mei de Liberale Partij opsizze moast. Nei syn miening moast Labour besykje om it plak fan 'e Liberale Partij as wichtichste tsjinstanner fan 'e Konservativen yn 'e Britske polityk oer te nimmen.
Partijliederskip Yn 1911 waard MacDonald lieder fan 'e Labourpartij, mar by it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914, doe't de Labourpartij besleat om 'e oarlochspolitiek fan it Konservative Britske regear te stypjen, trede er ôf en waard er opfolge troch Arthur Henderson. MacDonald hie yn Súd-Afrika, dat er koart nei de ein fan 'e Twadde Boere-oarloch besocht hie, sjoen wat in wapene konflikt mei in lân dwaan kin, en sadwaande koed er it stypjen fan in oarloch persoanlik net goedkrije. Under de Earste Wrâldoarloch ferfolle er dêrom de post fan skathâlder fan 'e partij. Dy kar kaam him op in protte fûleindige krityk te stean, dy't soms oer de grinzen fan it ûnfoege hinne gie.
Sa skreau de kranteman Horatio Bottomley yn in stik yn it tydskrift John Bull dat MacDonald, troch in "pseudonym" te brûken en syn "wiere" efternamme (Ramsay) geheim te hâlden it hiele Britske folk bedragen hie. Bottomley hold út dat MacDonald, troch in "falske namme" te brûken op in falske wize tagong ta it Legerhûs socht hie, en dat er foar dy "fraude" swier beboete wurde moatte soe en dat syn ferkiezing neatich ferklearre wurde moast. Hoewol't er op dy oanfal in protte betsjûgings fan stipe krige, die it MacDonald (sa't er yn syn deiboek skreau) slim sear, temear om't er der nea in geheim fan makke hie dat er in oerwûn bern wie en om't er nea witten hie dat er by syn berte ynskreaun wie ûnder de efternamme 'Ramsay'.
Yn desimber 1914 besocht MacDonald it Westfront yn Belgje, dêr't er daliks arrestearre en weromstjoerd waard nei Ingelân. Nei in besyk oan minister fan Oarloch Kitchener, dy't net oer it ynsidint te sprekken wie, kearde er nei Belgje werom, dêr't er diskear mei alle égards ûntfongen waard en in persoanlike rûnlieding krige fan generaal J.E.B. Seely. By Iper kamen se ûnder Dútsk fjoer te lizzen, dat se beide nei't it skynt stoïsynsk ûndergiene. Nei syn weromkomst yn Londen priizge MacDonald de moed fan 'e Alliëarde troepen, mar prate er der mei gjin wurd oer dat er sels besketten wie.
Yn 1918 ferlear MacDonald syn parlemintssit doe't de liberalen fan David Lloyd George in grutte ferkiezingsoerwinning boekten, en yn 1921 ferlear er in tuskentiidske ferkiezing foar it distrikt Woolwich-East fan 'e oarlochsfeteraan Robert Gee. By de nasjonale ferkiezings fan 1922 kaam er lykwols wer yn it parlemint foar it Welske kiesdistrikt Aberavon. Datselde jiers naam er ek syn âlde post fan partijlieder wer oer, en dêrmei wie syn rehabilitaasje kompleet.
By de ferkiezings fan 1922 ferfong de Labourpartij fierders ek de liberalen as wichtichtse opposysjepartij. Tsjin dy tiid wie MacDonald in hiel ein nei rjochts ta opskood, by it radikalisme fan syn jonkheid wei. Hy toande him in grut tsjinstanner fan 'e weach fan sympaty dy't troch de Jeropeeske sosjalistyske partijen hinne gie nei de Oktoberrevolúsje fan 1917, dy't yn Ruslân de bolsjewiken oan 'e macht brocht, en waard in wisberet fijân fan it kommunisme. Oars as dat by de Parti Socialiste yn Frankryk, of de SPD, yn Dútslân it gefal wie, bleau ûnder syn lieding de ienheid fan 'e Britske Labourpartij beholden.
Earste regear Doe't by de ferkiezings fan 1923 de Konservativen harren mearderheid yn it Legerhûs kwytrekken, en it Konservative minderheidsregear yn 1924 by in moasje fan wantrouwen kaam te fallen, frege kening George V oan 'e Labourpartij om in minderheidsregear te foarmjen mei stipe fan 'e Liberale Partij fan H.H. Asquith. Dêrmei waard MacDonald de earste sosjalistyske Britske premier en trouwens ek de earste Britske premier út 'e arbeidersklasse. Hoewol't er noch nea in regearingspost hân hie, toande MacDonald enerzjy, beslissingskrêft en politike fluchfuottigens by it útoefenjen fan syn nije funksje. Behalven it minister-presidintskip naam er sels ek it ministerskip fan Bûtenlânske Saken foar syn rekken. Njonken himsels beneamde er tsien oare kabinetsleden út 'e arbeidersklasse, in abslute trochbraak yn 'e Britske polityk. De kening notearre yn syn deiboek: "Hy wol dwaan wat rjochtfeardich is... Hjoed 23 jier ferlyn stoar ús leave Beppe. Ik freegje my ôf wat dy tocht hawwe soe fan in Labour-regear."