Minnie Devereaux (1869 – 1923) wie in Native American aktrise fan Yndiaansk komôf út it tiidrek fan 'e stomme film. Hja stie ek wol bekend as Minnie Prevost, Minna Prevost, Indian Minnie of Minnie Ha-Ha (in wurdspiling op it Yndiaanske personaazje Minnehaha, út Longfellow syn epysk gedicht Hiawatha).
Libben en karriêre Minnie Devereaux waard yn 1869 berne yn Oklahoma (Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma), as de dochter fan it Sjajinske opperhaad Mannich Hynder. Hja folge in oplieding oan 'e Yndiaanske Niverheidsskoalle yn Carlisle, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.
Fan 1913 oant en mei 1923 spile Devereaux yn trettjin Amerikaanske stomme films, lykas Fatty and Minnie He-Haw (1914), Mickey (1918), A Daughter of the Wolf (1919), Rose of the West (1919), ‘If Only’ Jim (1920) en The Girl of the Golden West (1923). De rollen dy't hja fertolke wiene ornaris stereotype ôfbyldings fan Yndianen sa't dy doe sjoen waarden. Devereaux stoar yn 1923, yn 'e âlderdom fan 53 of 54 jier.
Filmografy
|1913 |Old Mammy's Secret Code | | fermeld as Minnie Prevost |- |1914 |Fatty and Minnie He-Haw |Minnie He-Haw
|1915 |The Coward |Mammy
|1918 |Mickey |Minnie |fermeld as Minnie Ha Ha |- |rowspan=2|1919 |A Daughter of the Wolf |Mrs. Beavertail
|Rose of the West |Natoosh |fermeld as Minna Prevost |- |rowspan=3|1920 |Up in Mary's Attic |harsels |fermeld as Minnie Ha Ha |- |‘If Only’ Jim |squaw
|Food for Scandal |Paola
|rowspan=2|1921 |A Ridin' Romeo |squaw
|By Right of Birth | |fermeld as Minnie Prevost |- |rowspan=2|1923 |The Girl of the Golden West |de squaw
|Suzanna |harsels |fermeld as Indian Minnie
Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Minnie Devereaux yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Amerikaansk stomme-filmakteur Kategory:Amerikaansk akteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Yndiaanske frou Kategory:Persoan fan Sjajinsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1923