Claude Lorius (Besançon, 25 febrewaris 1932 - Charnay-lès-Mâcon, 21 maart 2023) Klimaforschungspionier Claude Lorius mit 91 Jahren gestorben. Yn: stern.de, 23 maart 2023.) wie in Frânsk gletsjerkundige. Hy wie ûndersiker en letter direkteur fan it CNRS. Ek wied er direkteur fan it Laboratoire de glaciologie et geophysique de l'environnement yn Grenoble fan 1983 oant 1988.
Hy hat meidien oan goed 22 poalekspedysjes, meast nei Antarktika, en hat holpen by it organisearjen fan ynternasjonale gearwurkingsferbannen op it mêd fan glasiologysk ûndersyk, lykas it ûndersykjen fan in 400.000 jier âlde iiskearn by it Vostokstasjon. Lorius syn rol by it ûntdekken en begripen fan palaeo-atmosfearyske ynformaasje út iiskearnen wie fan enoarm belang.
Fan 1989 ôf wied er in folweardich lid fan 'e Academia Europaea. Yn 1994 waard er keazen ta bûtenlânsk lid fan 'e Russyske Akademy fan Wittenskippen.
Lorius stoar yn de âldens fan 91 jier.
Prizen Vernadskymedalje fan de EU, 2006 Médaille d’or du CNRS, 2002 Balzan-priis 2001 foar klimatology Humbold-priis, 1989 Belgica Medal, 1989 Italgas-priis, 1994 Tyler Prize for Environmental Achievement, 1996 Offisier fan it Légion d'honneur, 1998 Bower Award and Prize for Achievement in Science, 2017 Yn 2023 waard in asteroïde nei him neamd: (35621) Lorius
Keppelings om utens Biografy Claude Lorius International Balzan Prize Foundation
Kategory:Frânsk klimatolooch Kategory:Frânsk glasiolooch Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 2023