thumb|Alexander Pope om 1727 Alexander Pope (Londen, 21 maaie 1688 – Twickenham (no part fan Londen), 30 maaie 1744) wie in Ingelsk dichter, oersetter en skriuwer yn de begjintiid fan de Ferljochting.
Pope waard berne yn in katolike hûshâlding en waard fral thús ûnderrjochte.
Al mei tolve jier skreau er gedichten, faak die er oare skriuwers nei. Syn meast orzjinele wurk út dy tiid wie Pastorals (1709).
Pope syn earste wier grutte wurk wie An Essay on Criticism út 1711. Oare bekende wurken yn dy snoarje wienen The Rape of the Lock (1712, nije ferzje 1714) en syn oersettings fan Homerus' Ilias en Odyssee (1715-1726). Dy lêsten barde er genôch foar om him werom te lûken yn in bûtenpleats yn Twickenham, dêr't er it oare part fan syn mânske wurk skreau.
Pope wie goefreon mei Jonathan Swift.
Sitaat Pope hat in ferneamd gedicht oer Sir Isaac Newton skreaun, in sitaat út dat gedicht:
Nature and nature's laws lay hid in night; God said "Let Newton be!" and all was light.
Wichtichst wurk thumb|Alexander Pope Búste fan John Rysbrack yn it Fitzwilliam Museum, Cambridge Pastorals, (1709) An Essay on Criticism (1711) The Rape of the Lock (1712) Windsor Forest (1713) Oersetting fan de Ilias (1715-1720) Eloisa to Abelard (1717) Elegy to the Memory of an Unfortunate Lady (1717) The Works of Shakespear, in Six Volumes (1723-1725) Oersetting fan de Odyssee (1725-1726) Peri Bathous, Or the Art of Sinking in Poetry (1727) The Dunciad (1728) Essay on Man (1734) The Prologue to the Satires (1735)
Keppeling om utens Wurk fan Pope yn Projekt Gutenberg
Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk oersetter Kategory:Ingelsk essayist Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1688 Kategory:Persoan stoarn yn 1744