Henricus Eskelhoff Gravemeijer (Easthim 20 oktober 1878 - Baarn 9 maart 1967) wie in Nederlânsk Herfoarme predikant en politikus.
Biografy Henricus Eskelhoff Gravemeijer waard 1878 yn Easthim berne, in telch fan in East-Frysk predikantelaach. Hy wie in soan fan ds. Eskelhoff Carsjen Gravemeijer (1847-1900) en Trientje Groen (1851-1926). Syn jonger broer Koeno Gravemeijer (1883-1970) wie ek predikant. Ien fan syn susters wie boaske oan ds. Hermann Otto Roscam Abbing.marvinalone.com
Nei syn stúdzje teology wie Gravermeijer predikant yn Schipluiden, Stienwyk en Amsterdam (1918-1949). Gravemeijer, vader en broer behearden ta de Konfesjonele Ferieniging yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Yn 1921 wie er ien fan de oprjochters fan de Herfoarme-Grifformearde Staetspartij (HGSP). Fan 1922 oant 1936 wie er foarsitter fan dy ortodoks-protestanske partij. Njonken dat wie er haadredakteur fan Staat en Kerk (1922-1937; 1939-1940), it wykblêd fan de HGSP.
Ds. H.E. Gravemeijer wie nei de Twadde Wrâldoarloch belutsen by de oprjochting fan de Protestantske Uny (PU), in Nederlânske politike beweging dy't stribbe nei de omfoarming fan it "neutrale" Nederlân nei Protestanske teokrasy. Fan 1948 oant 1952 en fan 1960 oant 1963 wie er foarsitter fan de PU. Teologysk besjoen wie Gravemeijer in neifolger fan prof. dr. Arnold van Ruler (ideolooch fan de PU) en dr. Philippus Jacobus Hoedemaker.
By de Twadde Keamerferkiezings fan 1946 stie Gravemeijer trêde op de kandidatelist fan de PU. Meidat de PU by de ferkiezingen net genôch stimmen krige foar in sit yn de Twadde Keamer koe ek Gravemeijer gjin sit krije yn it parlemint.
Ds. Henricus Eskelhoff Gravemeijer stoar yn 1967 yn de âldens fan op 88 jier yn Baarn.
H.E. Gravemeijer wie troud mei jkvr. Maria Cornelia Bartholdina de Geer (1878-1955).
Literatuer , In dienst van de Theocratie, Zoetermeer 1994, s. 71-72
Sjoch ek Ds. Casper Andries Lingbeek
Keppeling om utens Biografisch materiaal Repertorium Kleine Politieke Partijen
Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk partijfoarsitter Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:HGSP-politikus Kategory:PU Kategory:Frysk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastfrysk komôf Kategory:Persoan berne yn Easthim Kategory:Persoan berne yn 1878 Kategory:Persoan stoarn yn 1967