Paul Kearney (Ballymena, 14 febrewaris 1967) is in Noardiersk skriuwer en essayist, dy't namme makke hat as auteur fan mear as tweintich fantasy- en science fiction-romans. Dêrby hat er him benammen talein op it subsjenre fan 'e epyske fantasy. Kearney syn wurk wurdt gauris ferlike mei it oeuvre fan 'e te ier ferstoarne Ingelske skriuwer David Gemmell.

Libben en karriêre Priveelibben Kearney waard yn 1967 berne yn in Ierske famylje yn it Noardierske Ballymena. Hy studearre Angelsaksyske, Midingelske en Aldnoarske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Oxford, yn Ingelân. Neitiid wenne er twa jier yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, en dêrnei brocht er ferskate jierren yn 'e Feriene Steaten troch. Yn 1998 kearde er úteinlik werom nei Noard-Ierlân, dêr't er him foargoed nei wenjen sette yn it greefskip Down. Kearney is in betûft berchbeklimmer en wie yn it ferline ek in entûsjast mar (nei eigen sizzen) tige min roeier.

Skriuwkarriêre Begjin jierren njoggentich briek Kearney troch mei de op harsels steande fantasyromans The Way to Babylon (1992), A Different Kingdom (1993) en Riding the Unicorn (1994). Alletrije neamde boeken dielden ferskate motiven, lykas in held út ús wrâld dy't nei in fantasijwrâld reizget. Mar nettsjinsteande de loovjende kritiken waarden se kommersjeel gjin grut súkses. Syn agint rette Kearney dêrom oan om him ta te lizzen op in tradisjoneler soarte fantasyliteratuer. It resultaat dêrfan wie The Monarchies of God, in rige fan fiif romans, wêryn't Kearney de skiednis fan 'e Renêssânse (mei de godstsjinstferfolgings troch de ynkwisysje en de ûntdekking fan 'e Nije Wrâld) yn in folslein nije fantasyfoarm geat. Dizze tige súksesfolle searje sette yn 1995 útein mei Hawkwood's Voyage en einige yn 2002 mei Ships from the West. Yn 2010 waarden de fiif boeken fannijs útjûn yn in twadielige omnibusedysje.

Nei't er The Monarchies of God ôf hie, begûn Kearney mei in nije rige, The Sea Beggars. It earste boek dêrfan wie The Mark of Ran (2004), en diel twa, This Forsaken Earth, kaam út yn july 2006. Dêrnei besleat Kearney syn Amerikaanske útjouwer Bantam Books, fanwegen ôffallende ferkeapsifers, om mei dizze searje op te hâlden en net ek it trêde en lêste diel fan 'e trilogy, Storm of the Dead, te publisearjen. Letter kaam Kearney mei syn nije Britske útjouwer Solaris oerien dat dy de hiele trilogy yn in omnibusedysje útbringe soe, mar dat plan litte skipbrek om't Bantam wegere de rjochten op 'e boeken te ferkeapjen. Sadwaande is Storm of the Dead oant op 'e dei fan hjoed ûnútjûn bleaun.

Foar Solaris skreau Kearney de op himsels steande roman The Ten Thousand (2008), dy't ien fan syn grutste súksessen waard. It ferhaal is yn hege mjitte basearre op 'e Anabasis fan Ksenofon, oer de fjildtocht fan 'e Tsientûzen troch it Perzyske Ryk, en spilet yn in fantasijwrâld dy't de Grykske Aldheid net wanlyk is. Yn 2009 waard Kearney foar The Ten Thousand nominearre foar de David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel. Letter ferskynden twa ferfolgen op The Ten Thousand, te witten: Corvus (2010) en Kings of Morning (2012). Dy spylje tweintich, resp. tritich jier nei de foarfallen dy't beskreaun waarden yn The Ten Thousand, en ferhelje oer de opkomst fan 'e feroverder Corvus, dy't Kearney basearre op Aleksander de Grutte.

Wurk Fiksje Different Kingdoms-trilogy 1992 – The Way to Babylon 1993 – A Different Kingdom 1994 – Riding the Unicorn The Monarchies of God-rige 1995 – Hawkwood's Voyage 1996 – The Heretic Kings 1999 – The Iron Wars 2000 – The Second Empire 2002 – Ships from the West 2010 – Hawkwood and the Kings (omnibusedysje fan Hawkwood's Voyage en The Heretic Kings) 2010 – Century of the Soldier (omnibusedysje fan The Iron Wars, The Second Empire en Ships from the West) The Sea Beggars-rige 2004 – The Mark of Ran 2006 – This Forsaken Earth 2007 – Storm of the Dead (net publisearre troch ûnwil fan útjouwer) Primeval-rige (mei oare auteurs) 2008 – Primeval: The Lost Island The Macht-rige 2008 – The Ten Thousand 2010 – Corvus 2012 – Kings of Morning Warhammer 40,000-rige (mei oare auteurs) 2010 – Death and Dishonour: Broken Blood (koart ferhaal) 2010 – Legends of the Space Marines: The Last Detail 2015 – Umbra Summus 2013 – Johnny Fortycloaks Wolf in the Attic-rige 2016 – The Wolf in the Attic 2019 – The Burning Horse 2022 – The Windscale Incident

Essays 1996 – Letter (Interzone #110) 2013 – So You Want to Fight a War

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2009David Gemmell Awardnominearrebêste fantasyromanThe Ten Thousand

Kategory:Noardiersk romanskriuwer Kategory:Noardiersk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Noardiersk essayist Kategory:Noardiersk fantasyskriuwer Kategory:Noardiersk science fiction-skriuwer Kategory:Noardiersk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1967