Philadelphia, yn 'e sprektaal gauris ôfkoarte ta Philly, is de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania en de op ien nei grutste stêd (nei New York) oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten. Op 'e list fan 'e grutste stêden fan it hiele lân beset Philadelphia it fyfde plak, mei in befolking dy't neffens in rûzing út 2012 goed oardel miljoen bedraacht. As stêdekloft, mei alle omlizzende plakken en foarstêden meirekkene, stiget dat oantal sels ta krapoan 6 miljoen. Philadelphia stiet ek wol bekend ûnder de bynamme The City of Brotherly Love ("De Stêd fan 'e Bruorreleafde"), wat de letterlike betsjutting is fan it Grykske wurd Φιλαδέλφεια, filadelfia.
Geografy Philadelphia leit yn it noardeasten fan 'e Feriene Steaten, op it plak dêr't de rivieren de Delaware en de Schuylkill gearstreame. It is it ekonomysk sintrum foar de Delaware-delling, en leit op likernôch 3 m boppe seenivo. It heechste punt fan 'e stêd is Chestnut Hill, op 136 m boppe seenivo.
Skiednis Philadelphia waard yn 1682 stifte troch William Penn, om as haadplak te tsjinjen fan 'e koloanje Pennsylvania. Yn 1701 krige it de status fan stêd, en tsjin 'e 1750-er jierren wie it Boston foarbystribbe as de grutste stêd en de drokste haven fan alle Amerikaanske koloanjes, wylst it yn it hiele Britske Ryk inkeld Londen noch foar him hoegde te duldzjen.
Under de Amerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjende Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch spile Philadelphia in krúsjale rol as it plak dêr't de saneamde Founding Fathers fan 'e Feriene Steaten gearkamen, en dêr't hja yn 1776 de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring en yn 1787 de Amerikaanske Grûnwet tekenen. Sadwaande wurdt de stêd ek wol The Birthplace of America ("It Berteplak fan Amearika") neamd. Philadelphia wie fierders ûnder de Unôfhinklikheidsoarloch mei New York en Baltimore ien fan 'e regearingssitten fan 'e Feriene Steaten, en tusken 1790 en 1800 tsjinne it as haadstêd wylst Washington, D.C. noch yn oanbou wie.
Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech Philadelphia him ta in sintrum fan yndustry en in knooppunt fan it Amerikaanske spoar. Syn groei hie it yn dy tiid benammentlik te tankjen oan 'e ynfluks fan ymmigranten út Jeropa. Nei de Amerikaanske Boargeroarloch en de ôfskaffing fan 'e slavernij foarme Philadelphia oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en fral yn it begjin fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e wichtichste bestimmings fan 'e Afro-Amerikaanske Folksferhuzing út it Suden wei. Op it hichtepunt, om 1950 hinne, hie de stêd mear as twa miljoen ynwenners, mar sûnt de jierren sechstich is dat tal wer ôfnommen.
It besjen wurdich Hjerstmis wurdt yn Philadelphia it Filmfestival fan Philadelphia holden.
Demografy Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Philadelphia 12,1% âlder as 65 jier en 22,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 43,2% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 43,4% swarten; 28,7% blanken; 12,3% Latino's; 6,3% Aziaten; 0,5% Yndianen; 8,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Philadelphia
George Ord (1781-1866), touslagger en biolooch Arthur McKenzie Dodson (1819-1874), ambachtsman, ûndernimmer en politikus John Gibbon (1827-1896), militêr John Wanamaker (1838-1922), ûndernimmer Thomas Eakins (1844-1916), keunstskilder, byldhouwer en fotograaf John Gregory Bourke (1846-1896), militêr en folkekundige Francis Gibson (1847-1919), militêr Benjamin Hodgson (1848-1876), militêr Solomon R. Guggenheim (1861-1949), ûndernimmer en filantroop Henry Pancoast (1875-1939), radiolooch Lionel Barrymore (1878-1954), akteur Ethel Barrymore (1879-1959), aktrise W.C. Fields (1880-1946), komyk John Barrymore (1882-1942), akteur Man Ray (1890-1976), keunstner Margaret Mead (1901-1978), antropologe Billie Holiday (1915-1959), sjongster Noam Chomsky (1928), taalkundige en aktivist Bill Cosby (1937), akteur en komyk Blythe Danner (1943), aktrise Veronica Hamel (1943), model en aktrise Richard Corliss (1944-2015), filmkritikus Patti LaBelle (1944), sjongster Mike Shepherd (1947), skriuwer Richard Gere (1949), akteur Parker Stevenson (1952), akteur Bob Saget (1956), komyk, akteur en presintator Kevin Bacon (1958), akteur Kim Delaney (1961), aktrise DJ Jazzy Jeff (1965), rapper en club-discjockey Persia (1968), pornoaktrise Will Smith (1968), akteur, rapper en produsint Lisa "Left Eye" Lopes (1971-2002), rapster en sjongster Seth Green (1973), akteur Kelly O'Dell (1973), pornoaktrise April Hunter (1974), model, neakenmodel en ûndernimster Bradley Cooper (1975), akteur Joey Lawrence (1976), akteur Kelly Monaco (1976), neakenmodel, aktrise en presintatrise Khia (1977), rapster Kobe Bryant (1978), basketballer Eve (1978), rapster en aktrise Kevin Hart (1979), komyk Roxy Reynolds (1983), pornoaktrise Tanisha Long (1984), komediënne, tekstskriuwster en aktrise Asia (1986), pornoaktrise Molly Ephraim (1986), aktrise
Stoarn yn Philadelphia
George Ord (1781-1866), touslagger en biolooch John Gregory Bourke (1846-1896), militêr en folkekundige Gardner Dozois (1947-2018), skriuwer en redakteur
Klimaat Philadelphia hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte, neare simmers, kâlde winters en mylde oergongsjiertiden. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 30,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 7 augustus 1918 en –24 °C op 9 febrewaris 1934. Philadelphia kriget jiers trochinoar 1.053,8 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 57,9 sm snie.
Keppeling om utens Offisjele webside fan Philadelphia Kaarten, statistiken en fierdere ynformaasje
Kategory:Plak yn Pennsylvania Kategory:Plak stifte yn 1682