thumb|Denis Diderot 200px|right|Hantekening Denis Diderot (Langres, 5 oktoberSjoch foar syn krekte bertedatum: George R. Havens, « The Dates of Diderot's Birth and Death » yn Modern Language Notes, Vol. 55, No. 1 (jannewaris 1940), s. 31-33. 1713 - Parys, 31 july 1784) wie in Frânsk auteur, filosoof en keunstkritikus. Diderot wie in foaroansteand persoan yn wat letter de Ferljochting neamd wurde soe. Mei Baruch Spinoza (1632-1677) en Pierre Bayle (1647-1706) wie Diderot de wichtichste filosoof fan de radikale ferljochting.
Hy wie tusken 1750 en 1776 mei D'Alembert redakteur fan de ferneamde Encyclopédie. Fan de 72.000 artikelen yn dy ensyklopedy skreau er sels sa'n 6000. De encyclopédie wiene is soad minsken op tsjin. Yn 1759 waard de ensyklopedy sels formeel ferbearn, mar it wurk gie dêrnei temûk fierder. De ensyklopey wie - út reden fan de klam op religieuze tolerânsje en frijheid fan tinken en in demokratyske geast - in bedriging foar de aristokrasy.
Yn 1773 makke Diderot in sjoernalistike reis troch Hollân. (Voyage en Hollande).
Diderot wie foar frijheid fan mieningsútering en godstsjinst. Yn syn wurken is dúdlik te sjen hoe't er him fan teïst ta deIst nei ateïst ûntjoech.U. Winter: Der Materialismus bei Diderot. 1972, s. 8.
Diderot droech by oan de literatuer mei ûnder mear syn wurk Jacques le Fataliste, in satiryske roman wêrmei't hy konfinsjes oer de struktuer en ynhâld fan romans oan de kaak stelde en teffens filosofyske ideeën dy't de frije wil oanbelangje ûndersocht. As skriuwer fan toanielstikken hat er sines dien foar it ûntean fan it 'boargerlik' drama.
Bibliografy thumb|Monumint foar Denis Diderot yn Parys, fan Jean Gautherin Pensées philosophiques, De Haach, 1746 La promenade du sceptique, 1747 Les bijoux indiscrets, 1748 Mémoires sur différents sujets de mathématiques, 1748 Lettre sur les aveugles à l'usage de ceux qui voient, 1749 L'Encyclopédie, 1750-1765 Lettre sur les sourds et muets, 1751 Pensées sur l'interprétation de la nature, 1753 Le fils naturel, 1757 Le père de famille, 1758 Discours sur la poésie dramatique, 1758 Salons 1759-1781 La religieuse, 1760 (roman, útbrocht yn 1796) Eloge de Richardson, 1761 Réflexions sur 'Térence, 1762 Le neveu de Rameau, 1762 Lettre sur le commerce des livres, 1763 Sur l'inconséquence du jugement public de nos actions particulières, 1763 Essai sur la peinture, 1765 (publisearre yn 1796) Mystification ou l’histoire des portraits, 1768 Le rêve de D'Alembert, 1769 Entretien entre D'Alembert et Diderot, 1769 Suite de l'entretien entre D'Alembert et Diderot, 1769 Principes philosophiques sur la matière et le mouvement, 1770 Apologie de l'abbé Galiani, 1770 Entretien d'un père avec ses enfants, 1771 Jacques le fataliste et son maître, 1771-1778 (roman, publisearre yn 1796) Les Éleuthéromanes ou les furieux de la liberté, 1772 Supplément au voyage de Bougainville, 1772 (publisearre yn 1796) Sur l'inconséquence du jugement public de nos actions particulières, 1772 Ceci n'est pas un conte, 1772 Histoire philosophique et politique des deux Indes, 1772-1781 Paradoxe sur le comédien, 1773 (publisearre yn 1780) Les deux amis de Bourbonne, 1773 Voyage en Hollande, 1773 Entretien d'un père avec ses enfants ou du danger de se mettre au-dessus des lois, 1773 Eléments de physiologie, 1774-1784 Réfutation d'Helvétius, 1774 Observations sur le Nakaz, 1774 Lettre sur l'examen de l'Essai sur les préjugés, 1774 Principes de politiques des souverains, 1774 Entretien d'un philosophe avec la Maréchale de ***, 1776 Essai sur Sénèque, 1778 Est-il bon ? Est-il méchant ?, 1781 (publisearre yn 1834) Lettre apologétique de l'abbé Raynal à Monsieur Grimm, 1781 Essai sur les règnes de Claude et de Néron, 1782 Aux insurgents d'Amérique 1782
Keppeling om utens Hof/Haan, webstee mei teksten fan en oer Diderot
Kategory:Frânsk filosoof Kategory:Frânsk ensyklopedist Kategory:Frânsk romanskriuwer Kategory:Frânsk essayist Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk erotykskriuwer Kategory:Frânsk keunstkritikus Kategory:Frânsk ateïst Kategory:Persoan berne yn 1713 Kategory:Persoan stoarn yn 1784