Jičin (Dútsk: Jitschin, eartiidsk Gitschin) is in stêd yn de Tsjechyske regio Hradec Králové yn it Boheemsk Paradys mei 16.282 ynwenners (2014).
Skiednis De stêd is faaks yn de tolfde iuw stichte. De namme komt foar it earst foar yn in dokumint fan Judith fan Habsburg út 1293. Nei har dea gie de stêd oer yn hannen fan Wenceslaus II fan Bohemen en dy skonk de stêd oan adellike lienhearen.
It plak krige yn 1306 stedsrjochten. Fan de 14e oant de 16e iuw wie de stêd yn ferskillende hannen, ûnder oaren wie it hûs Lippa der baas. Jan Rudolf Trčka von Leipa ferkocht de stêd oan Smiřický von Smiřice, in Boheemsk adellik laach. De lêste Smiřice, Margaretha, rekke de stêd kwyt, nei de slach op de Wite Berch, oan de fjildhearen fan Albrecht von Wallenstein.
Albrecht fan Wallenstein makke Jičín, dy't er yn 1623 fan keizer Ferdinand II kocht hie, ta haadstêd fan it hartochdom Friedland. Under syn bewâld kaam de stêd ta bloei mei ûnder oaren in nij stedsplan, barokke gebouwen, regearingsgebouwen en in filla mei in mânsk park. Nei syn fertsjerren yn 1634 waarden syn eigendommen fan de keizerlike kommissy konfiskearre en syn hartochdom gie nei Rudolf von Tiefenbach en Jičín waard wer in provinsjestêd. Nei't it hûs Steinberg Jičín oernaam hie ferlear de stêd syn wwichtige ekonomyske posysje. De omkriten fan de stêd waarden slim rekke yn de Prusysk-Eastenrykske Oarloch.
Nei 1918 hearde Jičin by Tsjecho-Slowakije en wie it diel fan it protektoraat Bohemen en Moraavje. Sûnt de ôfskieding fan Slowakije heart de stêd by Tsjechië en is it de haadstêd fan it distrikt Jičín.
Hearen fan Jičín ????–1297 — Kening Wenceslaus II fan Bohemen 1297–1304 — Beneš fan Vartenberk 1304–1304 — Lev fan Kenecchlumí 1304–1327 — Kening Wenceslaus III fan Bohemen 1327–???? — it Hûs fan Vartenberk 1438–1452 — Hašek z Valdštejna 1452–1487 — Jiří en Hynek fan Poděbrady 1487–1607 — it Hûs fan Trčka fan Lípa 1607–???? — Zikmund Smiřický 1621–1634 — Albrecht von Wallenstein ????–???? — it Hûs Tiefenbach ????–???? — it Hûs Sternberg 1710–1848 — it Hûs TrauttmansdorffIt feudalisme yn Eastenryk wie dien yn 1848
Bestjoerlike yndieling Jičín bestiet út de stedsdielen Dvorce, Holínské Předměstí, Moravčice, Nové Město, Popovice, Pražské Předměstí, Robousy, Sedličky, Soudná, Staré Město en Valdické Předměstí.
Stedsbyld
Ferneamde bewenners Jacob Bassevi (1580–1634), Joadske hoffinansier Albrecht von Wallenstein (1583–1634), generaal en hear fan de stêd Josef Gočár (1880–1945), arsjitekt František Kaván (1866–1941), skilder en dichter Karl Kraus (1874–1936), skriuwer Josef Váchal (1884–1969), skriuwer en skilder Jaroslav Seifert (1901–1986), Tsjechysk skriuwer, dichter en sjoernalist dy'in nobelpriis wûn Josef Štefan Kubín (1864–1965), skriuwer
Susterstêden Erbach im Odenwald, Dútslân King's Lynn, Feriene Keninkryk Martin, Slowakije Wijk bij Duurstede, Nederlân Świdnica, Poalen
Kategory:Plak yn Tsjechje Kategory:Plak stifte yn de 12e iuw