De Priis fan de Nederlânske Letteren dy't sûnt 1956 alle trije jierren útrikt wurdt, is de wichtichste literêre priis fan Flaanders en Nederlân. De priis wurdt takend troch de Nederlânske Taaluny, dy't him dêrby advisearje lit troch in ûnôfhinklike sjuery. De útrikking is om beurten yn België en Nederlân. De priis wurdt troch it steatshaad oerlange.
De priis is in jildbedrach oan ferbûn. Earder wie dat 16.000 euro. Nei protesten fan de Flaamske Auteursferiening en de Nederlânske Feriening fan Letterkundigen waard dat yn 2009 40.000 euro.
Winners thumb|Hugo Claus (1986) thumb|Marnix Gijsen (1974) thumb|Herman Teirlinck (1956) De Priis fan de Nederlânske Letteren is sûnt 1956 takend oan de folgjende skriuwers:
1956: Herman Teirlinck 1959: Adriaan Roland Holst 1962: Stijn Streuvels 1965: J.C. Bloem 1968: Gerard Walschap 1971: Simon Vestdijk 1974: Marnix Gijsen 1977: Willem Frederik Hermans 1980: Maurice Gilliams 1983: Lucebert 1986: Hugo Claus 1989: Gerrit Kouwenaar 1992: Christine D'haen 1995: Harry Mulisch 1998: Paul de Wispelaere 2001: Gerard Reve 2004: Hella S. Haasse 2007: Jeroen BrouwersJeroen Brouwers wûn, mar wegere de priis 2009: Cees Nooteboom 2012: Leonard Nolens 2015: Remco Campert 2018: Judith Herzberg 2021: Astrid Roemer 2024: Tom Lanoye
Keppeling om utens Prijs der Nederlandse Letteren, Nederlânske Taaluny
Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Belgyske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1956