Eelde (Drintsk: Eel) is in plak yn it noarden fan de provinsje Drinte tusken Assen en Grins, en heart by de gemeente Tynaarlo. Foar 1998 wie Eelde it haadplak fan de gemeente Eelde.
De doarpen Eelde en Paterswolde binne yn de rin fan de tweintichste iuw oan elkoar fêstgroeid en binne sûnt ien wenkearn.
Under Eelde leit it fleanfjild Groningen Airport Eelde.
Lizzing Eelde leit lâns de A28 tusken Assen en Grins, benoarden fan Eelde-Paterswolde lizze it Paterswoldsemar en it doarp Eelderwolde en dêrnei de stêd Grins. Yn it easten leit it doarp Glimmen, oan de súdkant lizze de doarpen Yde en De Punt. Oan de westkant treft men it doarp Peize en súdwestlik Winde en Bunne.
Befolking Yn 2012 hie Eelde 6.660 ynwenners en Paterswolde 3.680. Meiïnoar 10.340 ynwenners.
Berne yn Eelde Menso Alting (9 novimber 1541 - 7 oktober 1612), predikant en tsjerkeherfoarmer Dick Hamming (4 augustus 1925 - 29 augustus 2005), bernedokter en sportman
Kategory:Plak yn Tynaarlo Kategory:Eardere gemeente yn Drinte