Under yndustrieel erfgoed wurdt beflapt: de fuortbringsels fan de minske foar de deistige arbeid, bygelyks: fabryksgebouwen, brêgen, sluzen, mûnen, boartuorren en soks - en yn 't generaal alle materiële spoaren fan de yndustriële mienskip. Mobile dingen fan yndustrieel erfgoed lykas ferfiermiddels wurde ta mobyl erfguod rekkene.
Dizze kulturele uterings driigje hieltyd te ferdwinen at se harren oarspronklike funksje ferlern hawwe. It binne faak oerbliuwsels út in oare tiid dy't om harren unikens it behâlden wurdich binne meidat se goed sjen litte hoe't de dingen eartiids oanpakt waarden.
Der binne yn Nederlân, België en oare lannen ferskate stichtings dy't krewearje foar it behâld fan yndustrieel erfgoed. Yn Nederlân binne in protte organisaasjes feriene yn: de Stichting Federaasje Yndustrieel Erfgoed Nederlân (FIEN).
Kar-út fan yndustriële monuminten yn Nederlân Gemaal De Cruquius, Cruquius Het Piepke, Muntsjesyl Van Nellefabryk, Rotterdam Moalfabryk fan Leien Papierfabryk de Middelste Molen, Loenen Gebouwen fan DRU, Ulft Gebouwen Radio Kootwijk Dwingeloo Radio Teleskoop
Sjoch ek Wrâlderfgoedlist
Keppelings om utens European Federation of Associations of Industrial and Technical Heritage Industrieel-erfgoed.nl Stichting Industrieel Erfgoed Noord-Nederland Landelijke Vereniging tot Behoud van het Historisch Bedrijfsvaartuig Stichting Industrieel Erfgoed Deventer SIED Patrimoine industriel Wallonie-Bruxelles (PIWB) The International Committee for the Conservation of the Industrial Heritage (TICCIH)
Kategory:Arsjitektuer
Kategory:Kultureel erfgoed