American Airlines, faak ôfkoarte ta AA, is in Amerikaanske loftfeartmaatskippij dy't wat passazjierstallen en floatgrutte oanbelanget de grutste fan 'e wrâld is. Nei United Airlines hat American Airlines boppedat de measte bestimmings. It haadkertier fan it bedriuw stiet yn Fort Worth, Teksas.
Float De float fan American Airlines bestiet 26 july 2015 út 965 fleanmasines. Der binne nochris 21 tastellen yn bestelling by fleanmasinebouwers Airbus en Boeing. Fleanmasine Tal Bestellings Airbus A319-100 125 Airbus A320-200 55 Airbus A321-200 162 2 Airbus A330-200 15 Airbus A330-300 9 Boeing 737-800 256 8 Boeing 757-200 81 Boeing 767-300 55 Boeing 777-200 47 Boeing 777-300 17 3 Boeing 787-8 7 8 Embraer 190 20 McDonnell Douglas MD-82 58 McDonnell Douglas MD-83 58 Totaal 965 21
Kategory:Amerikaanske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1930