Jane Lindskold (folút: Jane M. Lindskold; Washington, D.C., 15 septimber 1962) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen fan 'e fantasy- en science fiction-sjenres. Hja is benammen bekend wurden mei har Firekeeper Saga, in syklus fan seis romans oer in jonge frou dy't grutbrocht is troch wolven.
Libben en karriêre Lindskold waard yn 1962 berne yn it Columbia Hospital for Women yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Hja wie de âldste fan fjouwer bern yn it gesin fan 'e hege amtner John E. Lindskold, waans famylje fan etnysk Sweedsk komôf wie (de oarspronklik stavering is Lindsköld), en dy syn frou, de abbekate Barbara Disalle, dy't fan ôfstamme fan Italjaanske ymmigranten. Lindskold hat twa jongere susters, Ann en Susan, en ien jongere broer, Graydon. Hja groeide op yn Washington, D.C., dêr't har heit oan it haad stie fan 'e Land and Natural Resources Division fan it Amerikaansk Ministearje fan Justysje. Letter wenne it gesin oan 'e Chesapeakebaai.
Lindskold gie nei de legere skoalle oan 'e Holy Trinity Elementary School yn 'e Washingtonske wyk Georgetown. De middelbere skoalle folge se oan 'e Immaculata Preparatory School. Hja studearre oan 'e Fordham Universiteit yn New York, dêr't hja op har seisentweintichste jierdei in doktoraat behelle yn Ingelske taal- en letterkunde mei as spesjaliteit Midsiuwske, Renêssânsistyske en moderne Britske literatuer. Tsjintwurdich wennet Lindskold yn Albuquerque, yn 'e súdwestlike steat Nij-Meksiko, mei har man, de archeolooch Jim Moore.
Under it mentorskip fan har freon, de skriuwer Roger Zelazny, sette Lindskold yn 1992 útein mei it skriuwen en publisearjen fan koarte ferhalen fan 'e fantasy- en science fiction-sjenres. Yn desimber 1994 brocht se har earste roman út, ûnder de titel Brother to Dragons, Companion to Owls, dy't troch de kritisy tige goed ûntfongen waard. Ek har Athanor-duology, besteande út 'e romans Changer (1998) en Legends Walking (1999), wêryn't saters, seemearminnen, ienhoarns en oare mytyske wêzens foarkomme, die it hiel goed.
Lindskold har bekendste wurk is lykwols de Firekeeper Saga, in syklus fan seis romans begjinnende mei Through Wolf's Eyes (2001) oer de jonge frou Firekeeper, dy't as bern as iennichste in ferwuostgjende brân oerlibbe hat yn in delsetting fan kolonisten yn 'e wyldernis fan in "Nije Wrâld" dy't sterk liket op 'e frontier fan koloniaal Amearika. Nei't se allinnich yn 'e wyldernis efterbleau, is Firekeeper troch in ridel wolven adoptearre en grutbrocht. It ferhaal begjint as in nije minsklike ekspedysje it territoarium fan 'e wolven ynkringt, en Firekeeper nei tolve jier foar it earst konfrontearre wurdt mei har eigen soartgenoaten. De ealman dy't de ekspedysje liedt, hopet de delsetting fan 'e eardere kolonisten te finen, mei't dy oanfierd waarden troch in ferballe prins. As hja ynstee inkeld Firekeeper oantreffe, wurdt hja mei weromnommen nei it hof om dêr oan 'e kening presintearre te wurden as syn mooglike pakesizzer. Firekeeper ûntdekt dan dat der minder ferskil is tusken in wolveridel en in keninklik hof as dat men op it earste each tinke soe.
Yn 2014 sette Lindskold útein mei in nije rige, Artemis Awakening, oer in planeet dy't oarspronklik ûntwurpen is as in plezieroard foar minsken. Nei it ynstoarten fan 'e ynterplanetêre minsklike beskaving troch in ferwuostgjende oarloch, is de namme Artemis in oar wurd foar in lusthof, in soarte Hof fan Eden, wurden, mar nimmen dy't leaut dat de planeet echt bestiet. As wittenskipper Griffin Dane wit út te puzeljen wêr't Artemis wêze moat, liedt syn werûntdekking fan 'e planeet lykwols ta ûnferwachtse gefolgen.
Wurk romans 1994 – Brother to Dragons, Companion to Owls 1995 – Marks of Our Brothers 1995 – The Pipes of Orpheus 1996 – Smoke and Mirrors 1997 – When the Gods are Silent 1997 – Donnerjack (mei Roger Zelazny) Athanor-duology 1998 – Changer 1999 – Legends Walking 1999 – Lord Demon (mei Roger Zelazny) Firekeeper Saga 2001 – Through Wolf's Eyes 2002 – Wolf's Head, Wolf's Heart 2003 – The Dragon of Despair 2004 – Wolf Captured 2006 – Wolf Hunting 2007 – Wolf's Blood 2019 – Wolf's Search 2020 – Wolf's Soul 2004 – The Buried Pyramid 2005 – Child of a Rainless Year The Land of Smoke and Sacrifice-rige (ek bekend as de Breaking the Wall-searje) 2008 – Thirteen Orphans 2009 – Nine Gates 2010 – Five Odd Honors Star Kingdom-searje 2011 – A Beautiful Friendship (net fan Lindskild, mar fan David Weber allinnich) 2012 – Fire Season (mei David Weber) 2013 – Treecat Wars (mei David Weber) 2022 – A New Clan (mei David Weber) Artemis Awakening-rige 2014 – Artemis Awakening 2015 – Artemis Invaded 2018 – Asphodel Over Where-rige 2022 – Library of the Sapphire Wind 2022 – Aurora Borealis Bridge 2023 – House of Rough Diamonds
novelles de Captain Ah-Lee-rige (allinnich as e-boek útbrocht) 2011 – Endpoint Insurance 2011 – Here to There 2011 – Star Messenger 2011 – Winner Take Trouble
koarte ferhalen 1992 – Good Boy 1995 – Dark Lady 1995 – Domino's Tale 1995 – Kangaroo Straight 1995 – Relief 1995 – The Seventh Martial Art 1995 – Teapot 1996 – Noh Cat Afternoon (yn Catfantastic IV) 1996 – Child of the Night 1996 – A Dreaming of Dead Poets 1996 – Web-Surfing Past Lives 1997 – Hell's Mark 1997 – Small Heroes 1998 – Auspicious Stars 1998 – Winner Takes Trouble 1999 – The Queen's Gambit (yn World of Honor) 1999 – The Beanstalk Incident 1999 – Out of Hot Water 2000 – The Big Lie 2000 – Endpoint Insurance 2000 – On the Edge of Sleep 2000 – Ruins of the Past 2000 – Sacrifice 2001 – The Road to Stony Creek (yn The Blue and the Gray Undercover) 2003 – Promised Land (yn The Service of the Sword) 2011 – Ruthless (yn Fire Forged)
non-fiksje 1989 – Chronomaster: The Official Strategy Guide (spulhânlieding) 1993 – Roger Zelazny (beheinde biografy en beskriuwing fan wurk) 2014 – Wanderings on Writing (essay's)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar1995Locus Awardnominearrebêste romanBrother to Dragons, Companion to Owls1999Locus Awardnominearrebêste romanChanger
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jane Lindskold
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk letterkundige Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1962