thumb|230px|Lizzing fan Worcestershire yn Ingelân

Worcestershire is in greefskip yn de Ingelske regio West Midlands, dat nei alle gedachten oprjochte waard yn 'e iere 10e iuw. It hat 592.057 (2019) ynwenners en it oerflak beslacht 1740,5 km2. De haadstêd is Worcester. 85px| 120px|

Graafschap Worcestershire grinzget oan Herefordshire, Shropshire, Staffordshire, West Midlands, Warwickshire en Gloucestershire yn it suden. Yn 1974 waard Worcestershire gearfoege mei Herefordshire ta it nije greefskip Hereford en Worcester, mar dy bestjoersfernijing waard yn 1998 weromdraaid doe't Hereford en Worcester wer opspjalten waard yn 'e beide oarspronklike greefskippen (mei in pear grinsoanpassings dy't eins te ferwaarleazgjen wiene).

Demografy Fan de befolking is 16,4 % âlder as 65 jier. De wurkleazens berint 2,6 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001). 97,8% fan de befolking is blank. It ynwennertal gie omheech fan likernôch 512.400 yn 1991 nei 542.107 yn 2001.

Religy Kristen: 78,7% Hindû: 0,1% Moslim: 1,1% Gjin: 12,6%

Distrikten Distrikten DetailkaartWorcester Malvern Hills Wyre Forest Bromsgrove Redditch Wychavon 170px

Wichtichste plakken Worcester Kidderminster Bromsgrove Redditch

Kategory:Greefskip yn Ingelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 10e iuw Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1974 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1998