Wiebe Bergsma (Haulerwyk, 2 maart 1955 - Ljouwert, 28 juny 2015Wiebe Bergsma overleden op www.mensenlinq.nl) wie in Frysk histoarikus.
Wurkpaad Bergsma studearre yn 1981 ôf as kultureel antropolooch en histoarikus oan de Ryksuniversiteit Grins en wie sûnt 1985 ferbûn oan 'e Fryske Akademy as histoarikus foar de iermoderne tiid.
Bergsma hat tsientallen publikaasjes op syn namme brocht. Under oaren oer hoe't it kalvinisme him nei de reformaasje yn Fryslân ûntjoech, iermoderne gelearden en it hoflibben en de stêdlike kultuer yn Ljouwert yn de Gouden Iuw.
Hy wie lid fan de Fryske Akademy en fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. Njonken dat wie er lange tiid redakteur by it Tijdschrift voor Nederlandse Kerkgeschiedenis.
Bibliografy Tussen Gideonsbende en publieke kerk. Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650 (Utjouwerij Verloren, 1999) Gelovigen, dominees en geleerden. Opstellen over Friese en Nederlandse geschiedenis in de vroegmoderne tijd. Postúm bondele wurk ûnder redaksje fan Klaas van Berkel, Hans Cools, Hans Mol. (Utjouwerij Verloren, 2019)
Keppelings om utens Wiebe Bergsma yn de DBNL Bergsma Oersjoch fan Bergsma syn publikaasjes by Tresoar
Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk antropolooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Persoan berne yn Haulerwyk Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 2015