Robin McLaurin Williams (Chicago, 21 july 1951 – Paradise Cay, 11 augustus 2014) wie in Amerikaansk akteur.
Hy begûn syn karriêre mids jierren 70 as stand-up comedian yn San Francisco en Los Angeles. Williams stie bekend om syn protte imitaasjes en de ferskate stimkes dy't er brûkte by syn optredens. Syn alderearste tf-rol waard dy fan alien Mork yn de rige Mork & Mindy. Foar syn byrol yn Good Will Hunting krige er yn 1998 in Academy Award, nei 't er dêrfoar trije kear earder nominearre wie. Dêrneist krige er mear as fjirtich oare aktearprizen takend, wêrûnder Golden Globes foar Mork & Mindy, Good Morning, Fjetnam, The Fisher King, Aladdin, Mrs. Doubtfire en Emmy Awards foar Carol, Carl, Whoopi and Robin en ABC Presents: A Royal Gala en Saturn Awards foar Aladdin en One Photo Photo.
Keppelings om utens Robin Williams yn de IMDb Webside Robin Williams
Kategory:Amerikaansk komyk Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk artyst Kategory:Oscar-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Cecil B. DeMille Award-winner Kategory:Grammy-winner Kategory:Selsmoarddogger Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1951 Kategory:Persoan stoarn yn 2014