Johanna Maria (Jo) Boer (Soerabaja (Nederlânsk-Ynje), 4 desimber 1907 – Capelle aan den IJssel, 14 april 1993) wie in Nederlânsk romanskriuwster. Sy wenne it grutste part fan har libben mei har freondinne yn Parys.

Boer hie in avontuerlik libben. Mei har fêste freondinne Joffer Roelofswaert wenne hja ek alve jier yn Noard-Afrika, ûnder mear fiif jier yn de stêd Bou Saâda yn Algerije. Yn de oarloch tsjinne se by de Royal Navy en nei de oarloch wurke Boer op de Nederlânske ambassade yn Parys. Boer skreau har literêre wurk yn de jierren fjirtich. Yn ddy jierren ferskynden ek har fertalingen fan skriuwers as Vercors, D.H. Lawrence, Sartre en Gore Vidal. Yn 1948 krige Jo Boer de Fiverberchpriis foar har boek Kruis of munt. Bordewijk, dy't yn de sjuery siet, wie tige te sprekken oer dy roman.Martje Breedt Bruyn: Een komeet die langs de literaire hemel schoot. Over Jo Boer. Yn: Schrijfsters in de jaren vijftig. Amsterdam, Sara/Van Gennep, 1991

Prizen 1948 - Fiverberchpriis foar Kruis of Munt

Bibliografy 1938 - Catharina en de magnolia's 1939 - Wereldtentoonstelling 1947 - De erfgenaam1947 - De vertroosting van het troosteloze1948 - Melancholie der verzonken jaren1948 - Beeld en spiegelbeeld1949 - Kruis of munt1949 - Een zachtmoedige''

Keppeling om utens Jo Boer yn de DBNL

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1993