Fairey Swordfish 275px Rol Torpedobommesmiter Makker Fairey Aviation Earste flecht 17 april 1934 Yn tsjinst 1936 Ut tsjinst 21 maaie 1945 Tal makke 2.391 (692 by Fairey en 1.699 by Blackburn) (1936–1944) Grutste brûkers Royal Navy, Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, Keninlike Marine fan Nederlân (om utens) Farianten Swordfish Mk I oant Mk IV Opfolger Fairey Barracuda
De Fairey Swordfish wie in Britske torpedobommesmiter út de jierren tritich, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by de Fleet Air Arm fan de Royal Navy yn gebrûk wie. Hy waard troch de bemanningen ek wol Stringbag neamd.
De Swordfish wie yn 1939 al ferâldere, mar brocht dochs in tal wapenfeiten op syn namme dy't it neamen wurdich binne, ûnder oaren de ferneatiging fan de Italjaanske Marine (Regia Marina) by de Slach fan Tarente (1940) - de earste seeslach dy't allinne mei fleantugen fierd waard - en it útskeakeljen fan it Dútske slachskip de Bismarck (1941). Hy waard fral as floatoanfalsfleantúch ynset, mar nei it ferskinen fan modernere fleantugen yn lettere jierren ek brûkt as ûnderseeboatbestrider en foar treningen. De Swordfish bleau oan it seefront yn Jeropa oant de ein fan de kriich.
Spesifikaasjes thumb|220px|Swordfish Mk I fan trije kanten Gegevens Swordfish Mk.I Langte 10,89 m Spanwiidte 13,86 m Hichte 3,76 m Oandriuwing Ien Bristol Pegasus III M3 stjermotor fan 690 hk Heechste faasje 221 km/h op 1.525 m Fleanberik 874 km Bemanning 2 as 3 Tsjinstplafond 5.870 m Gewicht leech 2.145 kg Gewicht fol 3.419 kg Bewapening Twa MGs kaliber .303 Britsk (7,7 mm), ien 730-kg-torpedo, ien seemyn fan 680 kg of bommen,(de Mk.II hie yn 't plak fan bommen acht raketten)
Farianten thumb|220px|In Swordfish III fan RAF 119 Squadron wurdt bytankt op Maldegem, België, (1944-1945). De kûp fan de sintimetryske radar fan it fleantúch is te sjen ûnder de motor Swordfish Earste produksjesearje Swordfish I Utrist mei driuwers Swordfish II Fersy mei ûnderste wjukken fan metaal, sadat raketten meinommen wurde koene, yntrodusearre yn 1943. Swordfish III Ferzje mei radar, 1943 Swordfish IV Lêste searjeferzje mei in tichte kabine boud foar Kanada
Keppelings om utens It ferhaal oer de oanfal op de Bismarck "Stringbag Plus" In artikel oer it fleanen mei de Swordfish yn Flight 1946
Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Torpedobommesmiter Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1934