Loren L. Coleman (Longview (Washington), 1968) is in Amerikaansk skriuwer fan science fiction en fantasy dy't in protte bydragen levere hat oan romansearjes dy't troch ferskate auteurs skreaun wurde, wêrûnder BattleTech, Magic: The Gathering en Star Trek. Coleman moat net betize wurde mei de kryptosoölooch, skriuwer en presintator Loren Coleman.

Libben Coleman waard yn 1968 berne yn Longview, yn 'e steat Washington, dêr't er ek opgroeide. Nei syn tsjinsttiid as beropsmilitêr by de Amerikaanske Marine sette er útein mei in nije karriêre as skriuwer. It earste boek dat er publisearre wie Double-Blind, út 1997, dat ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction heart. Krekt as in protte fan syn oare publikaasjes foarme it ûnderdiel fan 'e BattleTech-rige, dy't fuortbordueret op it kompjûterspultsje mei deselde namme.

Coleman skreau ek in "fjildhânlieding" foar BattleTech, titele Capellan Confederation. Fierders wied er aktyf as auteur fan ferskate Magic: The Gathering-boeken en in pear Star Trek-romans. Dêrnjonken hat er ek koarte ferhalen en ferskate op harsels steande romans op syn namme stean. Dêrûnder is de Legends of Kern-trilogy, besteande út Blood of Wolves, Cimmerian Rage en Songs of Victory, dy't yn 2005 útkaam en spilet yn 'e klassike fantasywrâld fan Conan de Barbaar, dy't betocht is troch Robert E. Howard.

Letter krige Coleman it idee om ûnder lisinsje BattleTech-romans oer it "klassike tiidrek" (fan dy wrâld) te publisearjen fia in webside dêr't men jin op abbonearje moat. De betinker fan BattleTech, Randall N. Bills liek dat skoan ta, en sadwaande koe Coleman yn 2002 mei syn frou Heather, Bills en dy syn frou Tara en Philip DeLuca InMediaRes opsette, in bedriuw dat de foarneamde webside runt. Coleman wennet noch altyd yn 'e steat Washington, mei syn frou en trije bern.

Wurk Romans bydragen oan searjes BattleTech 1997 – #31: Double-Blind 1997 – #32: Binding Force 1999 – #44: Threads of Ambition 1999 – #45: The Killing Fields 2000 – #47: Illusions of Victory 2001 – #50: Flashpoint 2001 – #52: Patriots and Tyrants 2002 – #54: Storms of Fate 2002 – #56: Endgame 2011 – Angry Voices In The Dark 2011 – By The Numbers 2011 – Trial Under Fire 2011 – Blood Price 2011 – A Face Full of Blades 2011 – Job Security 2011 – Scars 2011 – Stalking The Legends Magic The Gathering: Artefacts 1999 – #4: Bloodlines 2009 – Artifacts Cycle II (omnibus, mei Lynn Abbey en J. Robert King) Vor: The Maelstrom 1999 – #1: Into the Maelstrom Battletech Field Manual 2000 – Capellan Confederation Wings of Justice 2000 – #1: Rogue Flyer 2001 – #3: Falcon's Prey BattleTech: Mechwarrior Dark Age 2003 – #2: A Call to Arms 2003 – #7: By Temptations and by War 2004 – #11: Blood of the Isle 2005 – #15: Sword of Sedition 2005 – #18: Fortress Republic Star Trek: S.C.E. (mei Randall N. Bills) 2003 – #35: The Demon, Book 1 2004 – #36: The Demon Book 2

op harsels steande romans 1995 – Chronomancer Legends of Kern (op harsels steand binnen de Age of Conan-wrâld) 2005 – Blood of Wolves 2005 – Cimmerian Rage 2005 – Songs of Victory 2011 – Army Issues

Koarte fiksje ferhalebondels skreaun 2011 – Five Futuristic Tales 2012 – Five by Five (mei Aaron Allston, Kevin J. Anderson, B.V. Larson en Michael A. Stackpole)

ferhalebondels (fan oare skriuwers) gearstald 2007 – Wizards, Inc. (mei Martin H. Greenberg) 2009 – Crime Spells (mei Martin H. Greenberg) 2010 – First Strike: BattleCorps Compilation Vol. 2

Keppelings om utens Offisjele webside fan Loren L. Coleman

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk boekeredakteur Kategory:Amerikaansk matroas (militêr) Kategory:Persoan berne yn 1968