Bristol Beaufort 275px Rol (Torpedo)-Bommesmiter Makker Bristol Aeroplane Company Untwerper Earste flecht 15 oktober 1938 Yn tsjinst 1939 Ut tsjinst 1944 Tal makke 1.121 (+700 yn Austraalje) fan 1939 - 1944 Grutste brûkers Royal Australian Air Force, RAF Coastal Command, Fleet Air Arm De Bristol Beaufort wie in twamotorige torpedobommesmiter, ûntwurpen en producearre troch de Britske fleantúchfabrikant Bristol. It tastel, mei fabryksoantsjutting Type 152, wie yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder oaren yn gebrûk by de RAF, Coastal Command en fan 1940 ôf ek by de Royal Navy Fleet Air Arm en de Australyske loftmacht.
Type 152 waard ûntwikkele út de Bristol Blenheim.Barnes 1988, s. 283. Sy waarden brûkt as torpedobommesmiter, gewoane bommesmiter en om seeminen te lizzen oant yn 1942,Robertson 1976, s. 30. doe't se út aktive tsjinst helle waarden. Dêrnei waarden se brûkt as treningstastellen oant se yn 1945 echt ferâldere wiene.Robertson 1976, pp.52-55. Beauforts waarden ek geregeldwei ynset oan it Mediterane front; Beaufort-squadrons dy't yn Egypte en op Malta stasjonearre wiene holpen mei om in ein te meitsjen oan de befoarrieding fan Rommel syn Deutsches Afrikakorps yn Noard-Afrika.
Beauforts waarden lykwols it meast ynset troch de Royal Australian Air Force by de oarloch yn en om de Pasifyske Oseaanit, dêr't se oant de ein fan de oarloch brûkt waarden. Op seis tastellen nei, waarden de Australyske Beauforts pleatlik ûnder lisinsje makke.
Hoewol't de Beaufort as torpedobommesmiter ûntwurpen waard die er dochs mear tsjinst as konvinsjonele bommesmiter. De Beaufort makke oars mear fleanoeren op treningsflechten as op operasjonele missys en der giene mear tastellen ferlern troch ûngemakken en technysk falen as troch fijanlik fjoer.Robertson 1976 s. 3. Mar, út de Beaufort ûntstie wol de tige slagge lange-ôfstâns-jager Beaufighter.
Fan de Beaufort wiene der tsien farianten. It tastel hat ek tsjinne by de loftmachten fan Kanada, Nij-Seelân, Súd-Afrika en Turkije.
Spesifikaasjes thumb|Australyske propagandafilm oer de produksje fan Bristol Beauforts Bristol Beaufort Mk I: Mjitten en prestaasjes Gegevens Lingte 13,59 m Fleugelspanwiidte 17,63 m Draachflak fleugels 46,73 m² Hichte 3,78 m Oandriuwing ta Bristol Taurus-stjermotors fan 1.146 hk it stik Maks. faasje 418 km/o op 1.830 m hichte Fleanberik 1.666 km Bemanning 4 Tsjinstplafond 5.030 m Gewicht leech 5.945 kg Geewicht fol 9.630 kg Bewapening 4 oant 7 7,7-mm-masinegewearen, 680 kg bommen of ien torpedo fan 728 kg
Galery
Literatuer C.H. Barnes: Bristol Aircraft Since 1910. Putnam Aeronautical, Londen 1988, ISBN 0-85177-823-2. Tony Buttler: Bristol Beaufort (Warpaint Series No. 50). Warpaint Books Ltd., Milton Keynes 2000, ISSN X-9999-00501. Tony Buttler: British Secret Projects. Fighters and Bombers 1935–1950. Midland, Hersham 2004, ISBN 1-85780-179-2. William Green: War Planes of the Second World War. Volume Seven: Bombers and Reconnaissance Aircraft. Doubleday and Company, New York 1967. Roger Hayward: Beaufort File. Air-Britain (Historians) Ltd., Tonbridge 1990, ISBN 0-85130-171-1.
Sjoch ek Besibbe ûntwerpen: Bristol Beaufighter Bristol Blenheim Blackburn Botha Cant Z.1007 Ilyushin Il-4 Mitsubishi G3M Mitsubishi G4M Savoia-Marchetti SM.79
Keppeling om utens
Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Britske bommesmiter Kategory:Yntroduksje út 1938