St. Martin's Press is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It is ien fan 'e grutste útjouwers fan Ingelsktalige boeken yn 'e Feriene Steaten, dy't jiers sa'n 700 nije titels útbringt ûnder in stikmannich ferskillende ymprints. St. Martin's Press waard oprjochte yn 1952 en makket diel út Macmillan Publishers, dat sels wer in ûnderdiel foarmet fan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.
Skiednis De Britske útjouwerij Macmillan Publishers rjochte St. Martin's Press yn 1952 op as syn Amerikaanske ôfdieling. It bedriuw is neamd nei de strjitte St. Martin's Lane, yn Londen, dêr't Macmillan doedestiden syn haadkantoar hie. Yn 1995 ferkocht de famylje Macmillan in mearderheidsbelang fan 70% yn Macmillan Publishers oan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH. De restearjende 30% waard yn 1999 troch Holtzbrinck opkocht, wêrmei't ek St. Martin's Press yn Dútske hannen kaam.
St. Martin's Press hat wurken útjûn fan sokke foaroansteande auteurs as Dan Brown, Jackie Collins en Robert Ludlum. De útjouwerij publisearret benammen fiksje, wêrûnder fral bestsellers fan sjenres as detektiveromans, skrillers en romantyk. Yn 1981 waard de skoalboekdifyzje Bedford-St. Martin's oprjochte, in joint venture mei de Bedford, Freeman & Worth Publishing Group, dy't no ek ûnderdiel útmakket fan Holtzbrinck. Yn 1986 waard de útjouwerij Tom Doherty Associates oernommen (mei as bekendste ymprint Tor Books), dy't science fiction en fantasy publisearret.
Ymprints Bedford-St. Martin's: skoalboeken Minotaur Books: detektiveromans en skrillers Picador: spesjaliteiten St. Martin's Press: mainstream-boeken en bestsellers St. Martin's True Crime Library: non-fiksje oer misdie St. Martin's Griffin: romantyske en mainstream-paperbacks Thomas Dunne Books: spanning en mainstream-literatuer Tom Doherty Associates Forge Books: mainstream-boeken en militêre skiednis Orb Books: science fiction- en fantasy-werprintingen Paranormal Romance: paranormal romance'' Starscape: berne-science fiction Tor Books: science fiction en fantasy Tor Teen: science fiction en fantasy foar teenagers Tor/Seven Seas: manga's Truman Talley Books: saaklike non-fiksje en spesjaliteiten
Keppelings om utens Offisjele webside fan St. Martin's Press
Kategory:Amerikaanske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1952