Tom Doherty Associates LLC is in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige is yn New York. It bedriuw waard yn 1980 oprjochte troch útjouwer Tom Doherty, en jout benammentlik science fiction- en fantasyliteratuer út. De wichtichste ymprints binne Tor Books en Forge Books.

Yn 1987 waard Tom Doherty Associates oernommen troch St. Martin's Press, in difyzje fan 'e Britske útjouwerij Macmillan Publishers, dy't sûnt 1999 folslein yn eigendom is fan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Ymprints Forge Books: mainstream-boeken en militêre skiednis Orb Books: science fiction- en fantasy-werprintingen Paranormal Romance: paranormal romance Starscape: berne-science fiction Tor Books: science fiction en fantasy Tor Teen: science fiction en fantasy foar teenagers Tor/Seven Seas: manga's

Keppelings om utens Offisjele webside fan Tor Books en Forge Books, de wichtichste ymprints fan Tom Doherty Associates

Kategory:Amerikaanske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1980