Gia Jakarta (útspr.: ['ʤi:ja ʤə'kaɹtə], "dzjiia dzjakarta"); echte namme ûnbekend (Kalifornje, 15 novimber 1990), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf.

Libben en karriêre Gia Jakarta waard yn 1990 berne yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja makke yn 2012 har debút yn in pornografyske film, en sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in tsiental fan sokke films spile, ûnder mear foar de foaroansteande studio Jules Jordan Video, mar ek foar ûnbekendere labels, lykas Kick Ass Pictures, Combat Zone, Smash Pictures en Filly Films. Dêrnjonken hat Jakarta ek in protte wurke foar pornosites, lykas Reality Kings.

Lichaamlike skaaimerken Neffens har offisjele opjefte is Gia Jakarta mar 1.50 m lang, mei in gewicht fan 42 kg en kupmaat 31A. Hja hat ferskate grutte tattoeaazjes, wêrûnder ien op 'e bûtenkant fan har lofterpols, in healmouwe op har lofterearm (mei û.m. in skedel en in spin) en, it meast opfallend, in breed blommemotyf fuort boppe har boarsten.

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Gia Jakarta yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Gia Jakarta yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Meksikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1990