Fokker F.VIII 275px Rol Pazzajiersfleantúch Makker Fokker Untwerper Reinhold Platz Earste flecht 12 maart 1927 Yn tsjinst Juny 1927 by de KLM Ut tsjinst Farianten 1 Finske F.VIII mei in Wasp-motor Tal makke 11 (fan 1927 - ?) Grutste brûkers KLM, Malert (Hongarije)

De Fokker F.VIII wie in troch Fokker boud fleantúch út de jierren tweintich fan de 20e iuw. De F.VIII wie in ûntwerp fan Reinhold Platz. It wie in twa-motorrige heechdekker mei twablêdige propeller. De F.VIII hie de ferneamde houten Fokkerfleugels. De kabine wie fan in metalen freem beklaaid mei kanvas en hie in kapasiteit fan 15 passazjiers.

De F.VIII syn oarspronklik ûntwerp hie trije motors lykas de F.VII. De middenmotor waard by de bou dochs weilitten meidat Fokker fan betinken wie dat fleantúchmotors wilens betrouber genôch wiene om ien ferfalle te litten en der sadwaande minder lêst fan lûd, benzinedampen en trillings yn de kabine wie. Boppedat ûntstie der sa romte foar ekstra bagaazje yn de noas, dat de F.VIII krige in opklapbere foarkant.

KLM hie Anthony Fokker frege om in grutter fleantúch foar har Jeropeeske rûtes. KLM bestelde totaal 7 F.VIII's dy't brûkt waarden oant yn de jierren tritich doe't se oerstallich waarden.

Spesifikaasjes bemanning: 2 lingte: 16,8 m spanwiidte: 23,0 m hichte: 4,2 m passazjiers: 15 (maks. 16) gewicht leech: 3350 kg fleugeloerflak: 82 m² maks. startgewicht: 5.800 kg motors: 2× Bristol Jupiter IV (480 hk) of Gnome-Rhône Jupiter (525 hk) krúsfaasje: 118 km/o maks. faasje: sa'n 180 km/o tsjinstplafond: 5.500m maks. fleanberik: 1.100 km

Ungemakken Op 22 augustus 1927 kresjte de H-NADU fan KLM ûnder Sevenoaks, Kent nei it tastel it sturtflak ferlern hie.H-NADU verongelukt in Sevenoaks (UK), aviacrash.nl. Op 11 april 1928 moast in F.VIII fan KLM in needlâning meitsje by Nigtevecht nei in motorsteuring.H-NAEE Fokker F.VIII Op 10 augustus 1938 ferûngemakke in F.VIII fan Malert fuort nei it opstigen fan Lofthaven Debrecen, alle 12 passazjiers en 2 bemanningsleden ferlearen it libben. Op 27 desimber 1938 stoar in Urker jonge fan 10 nei't er rekke wie troch de sturt fan de F.VIII dy't yn in strange winter post ôflevere op Urk.

Sjoch ek Fokker F.VII Ford Tri-Motor

Keppeling om utens Dutch Aviation

Kategory:Nederlânske ferkearsfleanmasine Kategory:Fokker Kategory:Yntroduksje út 1927