E.L. James (pseudonym fan Erika Leonard, famkesnamme: Erika Mitchell; Londen, 7 maart 1963) is in Britsk skriuwster, dy't yn 2011 op spektakulêre wize trochbriek mei har debút, de bondaazje- en SM-roman Fifty Shades of Grey.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding James waard berne yn 1963 yn Londen, as de dochter fan in Skotske heit en in Sileenske mem. Har heit wurke as kameraman foar de BBC. James groeide op yn Buckinghamshire, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn oan 'e Wycombe High School, in iepenbiere famkesskoalle yn it doarp High Wycombe. Neitiid studearre hja skiednis oan 'e Universiteit fan Kent te Canterbury. James fûn wurk as studiomanagersassistinte oan 'e Britske Nasjonale Film- en Telefyzjeskoalle yn Beaconsfield.
Skriuwkarriêre James begûn har karriêre as auteur mei it skriuwen fan fanfiksje ûnder de skûlnamme "Snowqueen's Icedragon". Har meast opfallende wurk op dat mêd wie in ferhaal dat hja basearre op 'e Twilight-fantasysearje. Se sette dêrmei útein yn jannewaris 2009, nei't se it lêste Twilight-boek út hie. Letter ferwurke se de ideeën út dit ferhaal yn 'e roman dy't úteinlik Fifty Shades of Grey kaam te hjitten, oer Anastasia Steele, in ûnskuldige jonge frou, dy't ferwikkele rekket yn in eksplisyt seksuële relaasje mei Christian Grey, in dominante en by fleagen sadistyske âldere man.
Fifty Shades of Grey kaam út yn 2011, en wie it earste diel fan 'e saneamde Fifty Shades-trilogy, dy't fierder gie mei Fifty Shades Darker en einige mei Fifty Shades Freed. De beide lêste dielen waarden allebeide yn 2012 publisearre. De trilogy, en fral it earste diel, brieken alle ferkeaprekôrs. James hat ûnderwilens mear as 70 miljoen boeken ferkocht, wêrfan 35 miljoen yn 'e Feriene Steaten. De trilogy hat op it stuit it Britske rekôr yn 'e hannen fan 'e fluchst ferkeapjende paperback aller tiden. Yn 2012 berneamde it Amerikaanske tydskrift Time James ta ien fan 'e hûndert ynfloedrykste minsken fan 'e wrâld, en yn augustus 2013 stie se boppe-oan op 'e list fan it tydskrift Forbes fan meastfertsjinjende auteurs, mei $90 miljoen oan boekeferkeap mei nochris $5 miljoen foar de filmrjochten. De ferfilming fan Fifty Shades of Grey, ûnder rezjy fan Sam Taylor-Johnson, kaam yn febrewaris 2015 út.
Yn 2015 en 2017 recycle James it ferhaal fan 'e Fifty Shades-trilogy nochris yn 'e romans Grey en Darker, dy't itselde ferhaal fanút it eachpunt fan Christian Grey fertelle. Yn 2019 kaam fan James de roman The Mister út, dy't los stiet fan 'e Fifty Shades-trilogy (en dêr't ek gjin s.m. yn foarkomt). The Mister giet oer in loaie en rike Ingelske ealman, dy't fereale rekket op syn Albaneeske húshâldster.
Priveelibben E.L. James wennet yn 'e Westlondenske wyk Ealing, mei har man Niall Leonard en har beide tinersoannen.
Wurk de Fifty Shades-trilogy 2011 – Fifty Shades of Grey 2012 – Fifty Shades Darker 2012 – Fifty Shades Freed 2015 – Grey: Fifty Shades of Grey As Told by Christian 2017 – Darker: Fifty Shades Darker as Told by Christian 2019 – The Mister
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2012National Book Awardwûnbêste wurk fan populêre fisje fan it jierFifty Shades of Greywûnboek fan it jierFifty Shades of Grey
Keppelings om utens Offisjele webside fan E.L. James
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Ingelsk erotykskriuwer Kategory:Ingelsk persoan fan Sileensk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1963