Sierra Santos, echte namme ûnbekend (yn Floarida, 24 augustus 1995), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Kubaansk etnysk komôf.

Libben en karriêre Santos waard yn 1995 berne yn 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida. Hja makke yn novimber 2013, doe't se achttjin jier wie, har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se fral yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Bang Bros, Brazzers en GF Revenge.

Njonken har aktearwurk wurket Santos ek as model troch te posearjen foar neakenblêden. Dêrby giet it benammentlik om útjeften dy't har talizze op it grutte-boarstesjenre, mei't Santos natuerlike grutte boarsten hat. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 36DD.

Keppelings om utens Side fan Sierra Santos op 101modeling.com Biografyske gegevens en filmografy fan Sierra Santos yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Sierra Santos op Freeones

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Kubaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1995