Foarfallen Bernardus fan Falensia wurdt oansteld as de earste Latynske patriarch fan Antiochje. Huizong wurdt keizer fan it Sineeske Song-ryk. Hy soe letter beskuldige wurde mear oandacht foar keunst en kultuer te hawwen as foar de gefaarlike buorlju oan de noardgrins. Hindrik I fan Ingelân wurdt kening fan Ingelân en folget syn 'ferûngelokke' broer Willem II op. Yn Welle wurdt de earste tsjerke op Noard-Bevelân boud.

Berne

Ferstoarn 8 jannewaris - Klemens III, tsjinpaus. 18 july - Godfryd fan Bouillon, fan 1089 oant 1100 hartoch fan Neder-Loataringen en ien fan de lieders fan de Earste Krústocht (* likernôch 1060). 2 augustus - Willem II, kening fan Ingelân, wurdt by ûngelok deasketten ûnder 'e jacht (* likernôch 1060).

Kategory:11e iuw