thumb|300px|Sloeproeien yn Rotterdam Sloeproeien is in ûnderdiel fan de sport roeien, en wol yn orzjinele rêdingssloepen fan skippen en whalers. Der binne 6-, 8-, 10- en ek wol 12-persoans roeisloepen. Tsjintwurdich binne der ek net-orzjinele roeisloepen dy't spesjaal foar wedstriden boud binne.

Wedstriden wurde roeid mei in handikapsysteem: op basis fan levere fermogen per roeier (wattaazje) wurdt in útslach berekkene.

De sport is sterk yn opkomst, der binne anno 2006 ûngefear 200 sloepen dy't geregeld oan de 10 oant 20 wedstriden meidogge. De lêste wedstryd fan it seizoen is Muiden-Pampus-Muiden.

De FSN (Federaasje Sloeproeien Nederlân) organisearret it Nederlânsk Kampioenskip. Op de kalinder stean ferskate wedstriden, ûnder oare lange-ôfstânswedstriden en sprintwedstriden. De keninginnerees fan it jier is de roeisloepenrees Harns-Skylge, in ôfstân fan sirka 35 km, fan ein maaie.

De sport wurdt hast nearne oars dien as yn Nederlân. Der binne wol inkele wedstriden yn Grut-Brittanje, Dútslân, Frankryk en Itaalje.

Sloeproeiferienings Nederlân Daventre Portu, Dimter VA Banque, Rotterdam HattemRoeit, Hattem De Sân Dollen, Saandam Sloeproeiferiening Haarlim, Haarlim tiog, Rotterdam Roeiferiening It Amelân, It Amelân Sloeproeiferiening Okke Hel, Harns

Sloeproeiwedstriden april, 10 Myl fan IJmuiden april, Hârnzer Sloeperees april, Grêfterees Utert rûnDom april, Leidske Sloeperees april, Lemmer Roeirees, Iepen Frysk Kampioenskip maaie, Harns-Skylge Sloeperees maaie, Slach om de Saan maaie, Sloeperees Grou juny, 12 Myl fan Hynljippen juny, Lutine Sloeperees juny, Sprintwedstriden Rotterdam july, Kaachwike augustus, Keizer Karelkup Gint augustus, Mokselrees Yrseke augustus, Noardwyk Beach Event augustus, Slach om Makkum septimber, Great River Race Londen septimber, Maasrees Rotterdam septimber, Fearske Marrees septimber, Swarte Wetterrees oktober, Grêfterees Amsterdam oktober, Fiktoarje Sloeperees Alkmar novimber, Muiden-Pampus-Muiden Boulevardrees Flissingen Dimter-Kampen Ocean to City Race Cork, Ierlân Skipperkesrees Warmond

Keppeling om utens Webstee oer sloeproeien

Kategory:Roeien